Reboelje om de Afgaanske ferkiezings

augustus 18, 2009 18:54

Oer twa dagen binne de presidintsferkiezings yn Afganistan. De Taliban ferset him fûl tsjin de ferkiezings.

By in raketoanfal op Kabûl is ien fan de sân raketten yn de tún fan it presidintsjele paleis telâne kaam.  Sneontemoarn eksplodearre in autobom fan 500 kilo foar it ISAF haadkertier yn Kabûl.  Dêrby rekken sân minsken dea en 91 minsken ferwûne.  Hjoed eksplodearre yn it easten fan Kabûl wer in autobom. Dêrby rekken sân minsken dea, wêrfan twa meiwurkers fan de Feriene Naasjes.  Neffens in wurdfierder fan ISAF binne der ek soldaten by om it libben kaam. Yn de provinsje Urûzgan kamen by in selsmoardoanslach fiif minsken om it libben, wêrfan trije Afgaanske soldaten. By in kontrôlepost fan it Afgaanske leger bliezen de selsmoardners harsels op.

De Taliban wol dat de Afgaanske befolking de ferkiezings boykotte. By moskee’s yn it lân hat de Taliban pamfletten ophongen, dêr’t op te lêzen stiet dat elke stimmer fûgelfrij ferklearre is. By de presidintsferkiezings fan 2004 en de parlemintsferkiezings fan 2005 wie der ek mear geweld fan de Taliban as wenst is. By dizze ferkiezings bliuwe de ISAF soldaten op ‘e eftergrûn, Afgaanske soldaten sille de stimburo’s befeiligje. Der binne 17 miljoen stimmers en 7.000 stimburo’s.

Op tongersdei 20 augustus kinne de Afganen in nije presidint kieze en 420 provinsjale riedsleden. De striid om it presidintskip giet tusken Hamid Karzai en Abdullah Abdullah. Nettsjinsteande dat Karzai beskuldige wurdt fan korrupsje is er de favorite kandidaat. De foarriedige útslaggen sille op 3 septimber bekend makke wurde. Twa wiken dêrnei folgje de definitive.

Twa tredde part fan de befolking is analfabeet. Dat betsjut dat in grut part de kandidatelist net lêze kin. De lêste wiken hat in ûnôfhinklike kommisje oeral yn it lân de boargers foarljochte oer de ferkiezings. Foar elk fan de 35 presidintskandidaten stiet in maklik werkenber symboal op de kandidatelist: in fleantúch, in blom, in apparaat of in stik ark.

augustus 18, 2009 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.