Púnerf nei Fryslân?

augustus 17, 2009 22:32

Yn ferskillende stêden yn Nederlân groeit de Púnerf. In lyts ienjierrich plantsje dat as in soarte fan strúkje tusken de stiennen waakst. Púnerf hâldt fan it stedske klimaat. De soarte komt fan oarsprong út de omkriten fan de Middellânske See. De minske hat de plant meinaam nei it noarden. Yn de jierren njoggentich fan de foarige ieu kaam Púnerf foar it earst yn Nederlân foar. De útwreiding is doe hurd gien. Op dit stuit is it plantsje yn hast alle stêden fan de rânestêd te finen. Mar ek yn it noarden lykas Den Helder en Assen komt de plant foar. It liket derop dat it plantsje binnen in net al te lange tiid ek te finen is yn Ljouwert.

augustus 17, 2009 22:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.