Ofskie Ted Kennedy

augustus 30, 2009 10:58

De Feriene Steaten ha ôfskie nommen fan senator Edward ‘Ted’ Kennedy. De Amerikaanske presidint Barack Obama neamde Ted Kennedy in foarfjochter fan de alderswaksten, de siel fan de demokratyske partij en de liuw fan de Feriene Steaten. Kennedy is ferstoarn yn ’e âldens fan 77jier. By de tsjinst wienen likernôch 1500 minsken oanwêzich. Under oare de âld-presidinten Jimmy Carter, Bill Clinton en George W. Bush. Yn de rein stienen minsken lâns de rûte fan de roustoet en by de basilyk. Ted Kennedy waard begroeven op begraafplak Arlington, flakby syn bruorren, presidint John F. Kennedy en senator Robert Kennedy.

Edward Kennedy Funeral Mass – President Obama Eulogy

augustus 30, 2009 10:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.