Nij Sealterfrysk boek

augustus 28, 2009 10:39

SealterlânGretchen Grosser hat ”de lytse prins” nei it Sealterfrysk oerset. Twa jier lyn frege professor Dr. Thomas Stolz fan de Universiteit fan Bremen oan Grosser oft se it ferhaal fan de lytse prins nei it Sealtersk oersette woe. Grosser hat ferskillende boeken skreaun en se hie al faker ferhalen oerset, bygelyks fan Astrid Lindgren en de bruorren Grimm. ”De lytse prins” woe se út leafde foar har memmetaal ek wol oersette.  Yn it Sealterfrysk hat it boek de titel ”Die litje Prins”.

De lytse prins is it ferhaal fan in piloat, dy’t nei in needlanning yn de woastyn in lytse prins moetet. De ljochthierrige prins dy’t út de himel fallen is, wol fan de piloat witte hoe’t it libben op ierde is. Hoewol’t it ferhaal foar bern skreaun is, bliuwt it boek út filosofysk eachpunt ek nijsgjirrich foar folwoeksenen. It ferhaal fan de lytse prins is al yn mear as 140 talen oerset. It boek hat 95 siden en is útjûn troch de Oldenburgische Landschaft.

Priis: €15,00

ISBN 978-3-937467-64-1

augustus 28, 2009 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.