Merkoandiel Bing groeit
Resint ferskynd
It merkoandiel fan de sykmasine Bing groeit stadich. Ein july groeide Bing yn de Feriene Steaten mei in heal persint fan 8,4 nei 8,9. Fansels hat Google it grutste merkoandiel. Dochs is it goed nijs foar Microsoft. Bing hat noch in lange wei te gean om in echte spiler op de merk te wurden. Mar de lansearring fan de sykmasine is net mislearre en dat is al hiel wat. De gearwurking mei Yahoo moat derfoar soargje dat minsken faker gebrûk meitsje fan Bing. Boppedat hopet Microsoft dat de minsken faker werom komme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje