Mear as 200 Britske deaden yn Afganistan

augustus 16, 2009 20:26

Twa ferwûne soldaten fan it Britske leger yn Afganistan binne ferstoarn, dêrtroch is it deadetal fan it Britske leger boppe de 200 kaam. De twa soldaten rekken ferwûne nei in eksploazje, en stoaren letter oan de ferwûnings. Meiïnoar binne der no 201 Britske soldaten yn Afganistan dearekke. De Britske militêren nimme sûnt 2001 diel oan de ISAF missy yn de Afgaanske provinsje Helmand. Oant no ta is it tal Britske deaden yn augustus 10. Dizze simmer wie de meast bluodderige yn Afganistan, benammen yn de provinsje Helmand, dêr’t Amerikaanske, Britske en Afgaanske troepen in offensyf begûnen tsjin de Taliban. 20 augustus binne de presidintsferkiezings yn Afganistan.

augustus 16, 2009 20:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.