Lytste hertpomp fan de wrâld wurket

augustus 18, 2009 06:52

Prachtich nijs foar hertpasjinten. Dokters yn Dútslân hawwe de lytste hertpomp fan de wrâld ynbrocht yn it lichem fan in pasjint. It apparaatsje waacht mar 92 gram en wurket perfekt. Dat hat it medysk sintrum fan de stêd Heidelberch moandei melden. De hertpomp is makke fan titanium en plestik. It waard ein juny ynbrocht by in 50-jierrige frou. Hja hat neffens de wurdfierder fan it sikehûs har gewoane libben wer oppakt. It kompakte apparaatsje ferfangt de funksje fan de rjochter hertkeamer. It medysk middel kin ek ynset wurde as in pasjint oan it wachtsjen is op in donorhert. Dizze ferzje is alwer de fyfte generaasje fan de saneamde DeBakeyherten. Dy herten binne yn de jierren ’90 makke troch de Amerikaanske kardiolooch Micael DeBakey.

augustus 18, 2009 06:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.