Lienwurden Fryske taal

augustus 16, 2009 19:25

As in taal gjin eigen wurd foar it ien of oare hat, ûntlient it dat gauris oan in oare taal. Sa ûntliene wy foar nije begripen faak it wurd dêrfoar oan it Ingelsk.

Aardich is it om te witten dat it Hollânsk wolris wurden út it Frysk oernimt. In foarbyld is skûtsjesilen. It Hollânsk hat wol schuitje en zeilen, mar ‘schuitjezeilen’ makket net dúdlik genôch wêr’t it om giet, n.l. it silen mei in spesifyk soarte frachtskip. Dêrom dat skûtsjesilen yn it Hollânsk yngong fûn hat. Sa is it ek mei sjoelen, klunen en fierljeppen gien.

Yn in fier ferline hat it Hollânsk ek al wurden út it Frysk liend: eiland, terp, kapen en krioelen.

augustus 16, 2009 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.