John Yettaw is frijlitten troch Burma

augustus 16, 2009 19:41

John Yettaw út de Feriene Steaten hat snein Burma ferlitten. Hy en de senator Jim Webb binne tegearre op wei nei Bangkok yn Tailân. De regearing fan Burma hie Yettaw earder op de dei yn Yangon oerdroegen oan de Amerikaanske ambassademeiwurkers.

Yettaw wie ta sân jier sel mei twangarbeid feroardiele. Soks omdat hy opposysjeliedster Aung San Suu Kyi tsjin de regels fan har húsarrest opsocht hie. De militêre diktators lieten him frij nei bemiddeling troch senator Webb. Hy hie sneon earst mei de lieder fan Burma praten en dêrnei mei Suu Kyi.

augustus 16, 2009 19:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.