Harsensken, twatalich is posityf

augustus 20, 2009 20:58

De harsens fan twatalige bern ha minder muoite mei ienfâldige rekkenopjeften as bern dy’t ientalich binne. De Frije Universiteit fan Brussel hat dêr ûndersyk nei dien. Meartalich ûnderwiis biedt neffens de universiteit in soad foardielen. Troch in oantal lessen yn it Frânsk te folgjen kinne bern op in natuerlike manier in twadde taal leare. Ek opmerklik is dat meartalich ûnderwiis net allinnich posityf is by it learen fan in twadde taal, mar it is ek posityf foar de memmetaal. Bern dy’t oare fakken krigen yn de twadde klasse, behearsken de learstof likegoed en soms better. Foaral by learlingen yn it basisûnderwiis wienen de ferskillen goed te sjen. Neffens ûndersikers fan de universiteiten moatte de harsens aktiver wêze by lessen yn in oare taal. Lykas atleten dy’t sterker wurde fan trainen, prestearje de harsens better as se ekstra prikele wurde. It is hiel goed as de bern sa jong mooglik meartalich ûnderwiis krije.  Op dit stuit is it ûndersyk noch hieltyd oan ‘e gong mei sa’n tritich bern.

augustus 20, 2009 20:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. G.Krol septimber 12, 12:11

    Krekt oarsom dus as gâns âlden yn Fryslân noch altyd tinke is twataligens better foar de taalûntwikkeling mar ek foar it rekkenjen.Doe’t ik soks tsjin ien sei wie it antwurd:
    ” Ei, minske dat bestiet net ! “. It sit der sa yndruid en dus bringe noch hiel wat Frysktalige âlden har bern yn it Hollânsk op. Se misse dêr troch de kâns om op natuerlike wize twatalich te wurden.
    Mar hoe en wat moat der dien wurde om âlden mar ek skoallen dat oan it ferstân te krijen. Dêr sil foaral op ynset wurde moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.