Natoerbrêge docht fertuten
Resint ferskynd
De grutste natoerbrêge fan de wrâld leit tusken Hilversum en Bussum. Sawol minsken as bisten meitsje der no in protte gebrûk fan. Seldsume bistesoarten lykas de das brûke de brêge ek hiel faak. Alle wiken rinne sa’n trijetûzen kuierders oer de brêge. Undersyksburo Altera hat 2 jier lang dwaande west om te sjen wêr’t de brêge it bêste boud wurde kin. Twa jier lang ha se sânbêden brûkt om te sjen hoefolle bisten nachts aktyf wienen. Reptilen en amfibyen meitsje noch net safolle gebrûk fan de brêge. De ûndersikers tinke dat der mear puollen nedich binne. De langste natoerbrêge waard yn 2006 iepene. De oanlis koste mear as 14 miljoen euro.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje