Helmholt: in rekôrsprong en kampioen

augustus 23, 2009 10:45

De 21 meter is trochbrutsen troch Bart Helmholt. Dat barde op it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Jaarsveld.

Hy sprong de geweldige ôfstân fan 20.99, mar by it neimjitten kaam de sprong sels oan 21.02 ta. Dêrmei waard er Nederlânsk kampioen en griep er it Nederlânske rekôr werom fan Jaco de Groot.

Anna Jet Leijenaar waard kampioen by de famkes. Hja die dat ek mei in nij Frysk rekôr. Hja sprong 16.05 en wie dêrmei de earste Friezinne dy’t oer de 16 meter gong.

Nard Brandsma út It Heidenskip waard mei 18.72 kampioen by de junioaren. Albert-Jan Venema waard nasjonaal kampioen by de jonges. De ljepper út Feanwâlden sprong 18.32. It is njoggen jier ferlyn dat alle fjouwer kampioenen út Fryslân kamen.

augustus 23, 2009 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.