Kontakt

It Nijs.frl : ynfo@itnijs.frl

Tip ús mei nijs, kollums, gedichten, proaza, ferhalen en/of foto’s

Skriuw in reaksje

28 opmerkingen

  1. Dauwe A'daam desimber 22, 18:06

    Foàrbield:
    Ål ‘n jier lang bestiet tsjin ‘e foàrnommen staveringswizingen en ståndertwurdlist ‘n goed ûnderboud protest, op gong brocht troch ‘n ploech fon 104 wittenskippers, skriowers en oare belanghavvenden. Nettsjinsteande dat protest en ek al ib bewiisd dat ‘t draachflak dêrfoar ûntbrekt, de Fryske Akademy is yn ‘e selde rjochting trochgien mei it ûntwikkeljen fon syn Taalweb.
    Ås wy mei-‘noar oparbeidzje kinne wy de skea dy’t dat de Fryske taal dwaan sil noch keare. Begjin by ‘t tekenjen fon ‘e petysje en freegje jo famylje, freonen en bekinden om dat ék te doàn.
    Dauwe en Dautsje beane foàr ‘n Tyttsjerksteradielster ståndert + stavering.
    Dooi/fries/TeilânsDauweblog fon Suwaod oant en mei Eästermar, Burgem.
    PFF, Partij fon Frieske Frijhyd/hiden/hied(en). Doàr ek r’s ‘n/’t/’e te skriowen.

  2. Johannes desimber 23, 18:01

    Douwe, wat skriowsto wer aardich. Prachtige staveringswize en Tytsjerksteradiel keare werom yn ‘e tiid. Ik wol dy in moai ljochtsjedei tawinskje en fjoerwurk by Âld en Nij. Amsterdaam skriuw ik ek altiten, sa fier gean ik mei dy mei. Útsein de wize fan krewearjen foar in Frysk haadstêd bûten Ljout. Fierwei bisto, mar altiten kom ik dy wer tsjin. In aparte freon siket de seedyk en komt telâne by my. Noflike krystdagen en fol lok en seine yn’t nije jier. Sûn bliuwe Douwe!

  3. Dauwe A'daam desimber 23, 19:27

    Jehonnes, Tsjill!
    Fier soght up ‘e Seedyk? Mayst mei mi OPgean/rinne.
    Kreweärje Ik foàr ‘n Frieske haadstaed bûten Ljou’t?
    ‘n Freon fon mi wennet iin Krommen-ie, ik oan D’ie/ij.
    Noflyke feestday en dû/o ek ‘n soad luck en soenens.
    Miin Aksje F/olle [lok en seine] net genôgh wörket, jöh.
    Foàrbield: WizIGingen: Eyefilm: hje sait fon: Cool Yule.
    Åll ‘n ‘ier lang bestiét tsjin ‘e foàrnommen staveringswizIGingen (!!!) […]
    ék åll ib bewiisd dåt ‘t draaghflak dêrfoàr ûntbrekt, de Frieske Akadeemje.
    Ås wi mei-‘noàr uparbaidge, kinst de skea’ dy’t dåt Frieslawn doàn sill […]
    freegje jo femiilje, freonen en bekinden om dåt ék to doàn. Skriow ‘n/’t/’e.
    Dauwe en ‘n tuut fon uus Dautia Boutsje Kreas DKNY.
    Dooi/fries/TeilânsDauweblog (HBC siin Opperlan(d)s, de Moànne jan.’10)

  4. pyt jannewaris 1, 18:35

    Jim klok rint 4 min. foar!

  5. De Fleanende Heks febrewaris 19, 20:43

    Tja, It Nijs is in Fryske side, dy’t foar befoardering fan it Frysk stiet.
    Dêrom is it webadres fan dizze kontaktside ek “http://www.itnijs.frl/contact/”.
    It moat ommers net te mâl mei dat Frysk, net wier?

  6. Frâns Kuipers maart 4, 12:19

    Provinsje Fryslân hat in Mienskipsfûns beskikber foar wa ’t wat nijs útfynt!
    It is ferkiezingstiid. 18 maart wurde de nije Steaten keazen, dus d’r moat wat nijsgjirrichs op it kleed komme om minsken sjen te litten dat de provinsje ynnovaasjes op alderhande mêd nijstribbet. It giet om in nij Mienskipsfûns wêrút nije ideeen fan jong oant âld(ers) jild te krijen is. Dit mienskipsfûns jout hannen en fuotten oan it begrip ‘Mienskip’. De mienskip is it andert op sawat alle problemen, sa liket it.

    Fûns nedich foar befoarderjen fan it Frysk?
    Prachtich fansels, mar wêrom is de tekst oer de wurking fan dit nije mienskipsfûns yn it Hollânsk skreaun? In soartemint Twabaans Sintrale As foar it Frysk njonken it Hollânsk moat standert wurde foar it provinsjale NIJS. Mienskiprjochte nijsbrieven moatte net allinne yn it Hollânsk mei in bekende Frysktalige kop dêrboppe skreaun wurde, mar moat tenij ek yn it Frysk op de provinsjale reachside set wurde moatte. Twatalich dus. Moai en goed foar minsken om it Frysk op in maklike manier te learen. Jin kinne de beide Rykstalen mei elkoar fergelykje en dêrtroch it Frysk (better) leare te skriuwen, mei help fan de nije staveringhifker. Simpeler kin it hast net.
    Ik haw de needsaak fan in staveringshifker op de kompjûter sels op it aljemint brocht, doe’t ik steatelid wie (1992-2007). Dizze wurkwize is goed foar it befoarderjen fan de Fryske Taal. D’r binne genôch ‘oersetters’ yn Fryslân te finen, die dit foar in pear sinten dwaan wolle! Djoere amtners binne net nedich!

    Listlûkersdebat oer de wearde fan it Frysk op 15-1-15 yn Tresoar – Ljouwert

    Fiif listlûkers (PvdA, CDA, FNP, D’66, SP) seinen tidens it earste listlûkersdebat op 15 jannewaris 2015 yn Tresoar ta, dat d’r folle mear dien wurde kin en sil om de stadige dêlgong fan it Frysk op te kearen. Doch dat dan, soe ik sizze!!! Sizzen is neat, mar dwaan is in ding!!!

    Frâns Kuipers,
    Foarsitter stifting Fierder mei Frysk (yn en foar Fryslân)

  7. Cornelis van der wal maart 4, 13:51

    My tinkt dat de hear Kuipers sels ferantwurdlik is foar de delgong fan it skreaune Frysk, en alsa gjin rjocht fan sprekken hat yn dit stik fan saken. Kuipers hat as ‘politikus’ yn it ferline it tydskrift Frysk&Frij de nekke omdraaid troch te stopjen mei subsydzje, foar wa’t dat net wist. En wêrom hat er dat dien? Om’t F&F krityske artikels oer him skreaun hie. Jo meie soks wol sensuer neame, is’t net?

  8. Doeke Kuipers maart 4, 13:57

    Broer Frans, Frysk en Frij ferdwiene litten…….hoe ha wy it no?

  9. Johannes maart 4, 15:01

    Ik wie abonneare op F&F en doe wie it samar fuort. No hearre ik it hoe doe gien wie. Tige tank Cornelis van der Wal. Ja, polityk en krityk gean yn net ien lân mei-inoar. Bruorren Kuipers sterkte der mei. Gjin famylje rûzje krije.

  10. Frâns Kuipers maart 4, 15:54

    Moai dat de stikken op ItNijs goed lêzen wurde. Ik bin gewoan foar behâld en frâl foar it útwreidzjen fan de Fryske taal en ik doch simpelwei in oprop oan de politike kopstikken fan de provinsje om de reachside twatalich te meitsjen. Wat hat dit te krijen mei it net mear bestean fan Frysk en Frij. Ik en frâl myn yn 2010 ferstoarne frou wienen trouwe lêzers fan Frysk en Frij.
    Lis my út hoe ‘t it werklik sit mei it dwaan en litten fan my as doetiids steatelid (wurdfierder Taal, Ûnderwiis en Kultuer) en it dwaan en litten fan de doetiidske CDA Steatefraksje. Wa wit ha jo gelyk dat de stemming yn de Steaten doetiids negatyf útfallen is foar it wol of net behâlden fan de subsydzje foar Frysk en Frij. Want dêr giet it om neffens mij! Moaier is dat jo ek op ‘e nij opkomme foar it Frysk en de listlûkers ek oproppe om wurden om te setten yn dieden!! Groet.

  11. Frâns Kuipers maart 4, 16:05

    Ik soe graach doetiidske negative stikken oer myn persoan as Steatelid foar it CDA (fan 1992-2007) tastjoerd krije. Jo meie se ek wol publiseare, want ik kin dit my net foarstelle. Lit mar lêze! Sûnder sensuer!!

  12. Cornelis van der Wal maart 4, 17:11

    Jo binne koart fan memoarje Kuipers! Ik sil my der net langer drok oer meitsje, faaks sjit de gong fan saken noch te binnen…

  13. Cornelis van der Wal maart 4, 17:18

    ‘jo noch te binnen’ woe ik skriuwe…

  14. Frâns Kuipers maart 4, 20:40

    Beste Cornelis van der Wal,

    Ik haw ús skeel fan miening fûn op jo reachside. Ik woe witte hoe’t it ynelkoar stiek doetiids,oangeande it stopsetten fan subsydzje oan Frysk en Frij.

    Dit kaam is tsjin: (1997) … It eardere steatelid Kuipers is der nei al dy jierren noch tige grutsk op dat er, tegearre mei Inne Heerma, yn 1997 ynisjatyfnimmer wie foar in Fryske staveringshifker. Dat wie ek in hiele goede saak.
    It is lykwols ek wol wichtich te melden dat Kuipers yn dat selde jier ien fan de grutste tsjinstanners fan subsydiearring fan it tydskrift Frysk & Frij wie. Wêrom? No, hiel gewoan, om’t it blêd tige kritysk op de Fryske polityk wie, benammen ek op Kuipers sels. Kuipers koe net oer dy krityk en dêrom waard Frysk & Frij nei gychem holpen. Klearebare sensuer dus.

    Neffens my hie it stopsetten fan subsydzje neat te krijen mei of kritysk skriuwe oer de polityk. Ik (75) sels bin oant hjoed-de-dei kritysk tsjinoer de provinsjepolityk. Tink allinne mar oan it gefjocht fan de stifting BetterAs tsjin de oanlis fan de Sintrale As. Poermin beslút. Dit sjocht men plm. 5 jier nei de oanlis fan de Sintrale As. De omlizzende doarpen komme ekonomysk stil te lizzen. Ensafuorthinne. Nimt de polityk en binammen it CDA my net yn dank ôf.
    Noch altyd kom ik op foar it befoarderjen fan de Fryske Taal.

    Ik kin yn de histoarje fan Frysk en Frij – en ek net op jo webstek – eat fine oer polityke saken, wêryn jo my de mjitte namen. Nochris, lit my witte/lêze, wêr’t it om gie(t). Ik sil grif koart fan memory wêze, dus help my hjir by.

  15. Frâns Kuipers maart 4, 20:43

    neat fine, bedoel ik.

  16. Cornelis van der Wal maart 4, 23:05

    Achte Kuipers, feit bliuwt dat mei troch jo ynset Frysk & Frij ferdwûn is. Dat hat in funeste klap foar it skreaune Frysk west.

    Doedestiids hie ik, mar ik net allinnich, de yndruk dat jo stimgedrach mei beynfloede wie troch krityske lûden út F&F sels wei. Ik haw hjir lykwols gjin hurde bewizen foar, dat jou ik ta.

    Jo hjoeddeiske krewaearjen foar it Frysk makket jo eardere katastrofale flater net goed.

  17. Wilfred maart 7, 12:27

    Gjin stikjes oer de oanfallen op PVV-kandidaatsliedsleden yn Fryslân?

  18. Hylke maart 11, 23:17

    Frâns Kuipers hat skreaun:
    “Jin kinne de beide Rykstalen mei elkoar fergelykje en dêrtroch it Frysk (better) leare te skriuwen, mei help fan de nije staveringhifker. Simpeler kin it hast net.”

    Welke nije staveringshifker giet it hjir om? It liket my wol aardich om dat ek in kear te probearjen.

  19. Freark maaie 18, 17:49

    Ik woe in berjochtsje pleatse op jimme facebook pagina, mar dat woe net slagje. Hawwe jimme die mooglikheid ôfsluten?

  20. Arjan augustus 10, 00:49

    FRAGMINT “Praat Ned. met me,” sayt er

    Daar moest ik wel om lachen. Nee, dat zou ik nooit zo zeggen, niet zo direct.

    Alles wat ik wist voor deze bizarre gang van zaken op dit forum, is dat je moeilijk loopt. Ik zag eerder al een opmerking die over deze rotziekte kon gaan van je, maar die was niet helemaal duidelijk voor mij.

    Ik kan alleen voor mezelf spreken, mijn besluit was omdat je hier racistische opmerkingen plaatst ( wat overigens onder vrijheid van mening kan vallen ) maar daarnaast veel te zwaar in de persoonlijke aanval ging.

    Dat is niet leuk voor andere lezers en zo.

    Mijn opmerkingen hadden niets met de medische situatie te maken. Het gaat om het omlaag halen van het niveau. Dat is niet goed voor deze website vind ik. Ook niet echt gezellig overigens. Maar dat hoeft ook niet altijd.

    Ik had eerst iets van: “zolang het niet over de PVV gaat is die man best OK” maar wat je hier allemaal op het forum plaatst is wat mij betreft…

    “”Eltse Grins Foarby”

    Daarom houd ik het maar voor gezien, behalve in het geval er iets veranderd, want online schieten dingen nou eenmaal wel eens uit de bocht.

  21. Liesbeth septimber 14, 18:44

    Tige dank

  22. Kobe septimber 28, 00:25

    jim skriuwe flechtelingen, mar it moat neffens my flechtlingen wêze, sûnder e dertusken.

  23. doedel septimber 28, 00:41

    Kobe: neffens taalweb.frl kin it beide.

  24. epke oktober 20, 16:44

    “Merke” is kermis, en “markt” is merk! Sjoch it ferskil! Op de merk yn burgum is merke ( op de markt in burgum is kermis) it makket ferskil as de winkellju út burgum ” yn e merke binne of yn e merk binne!! En ite hja yn de tinte op e merk, of ite se yn e tinte op e merke?

  25. skarlun maaie 24, 23:24

    As jo de kranten der op neisykje binne der ek dit jier wer ferskate iepenloftspullen.Yn de Ljouwerter wurde dy spulllen besprutsen yn “Uitgelicht” Mar dan yn it Hollânsk, wylst in it Frysk sprutsen spul is.De jinge dy’t nei san foarstelling giet sil dochs wol it Frysk behearse. Ik ha der efkes nei ynfoarmearre, en dit wie it resultaat.
    Iepenloft
    16:32 (30 minuten geleden)

    aan mij

    Goedemiddag,

    De hele pagina van uitgelicht stond in het Nederlands.
    Dat is een keuze van de Leeuwarder Courant zelf.

    Groet,
    Minke Kerszemaker
    Iepenloft Opsterlan

  26. De Fleanende Hekse maaie 25, 08:26

    Hoe sa, de “Brexitdiskusje yn Ingelân”?
    Wurdt dy dan net fierd yn Skotlân, Wales en Noard-Ierlân?
    “It Nijs” bestiet omdat wy ús Friezen fiele, en perfoarst gjin “Hollanners” wêze wolle.
    Doe hetgeen ge niet wilt, dat u geschiedt, ook een ander niet.
    En oars neame wy it hypokrisy.

  27. Henk Veenstra juny 27, 09:04

    Misschien is het goed als jullie eerst laten vertalen. Er onstaan anders merkwaardige epistels:

    Een groep van vijftien vrouwen loopt in Drachten (Friesland, Nederland) met sensoren om de pols. Het gaat om een experiment. Als de mevrouw anderhalve meter van een virtuele grens komt, hoort ze een pieptoon uit haar armband. Dat moet de dame ervan weerhouden om die virtuele lijn over te gaan. Als de koopgrage klant het eerste signaal negert dan loopt ze tegen virtueel schrikdraad (een luidruchtiger signaal van haar armband). Winkeliers kunnen zo hun klanten maklikeralle dagen op een andere, frisse weidzjelitte plaats zonder ‘echte’ of nieten skriktriedferpleatse te hebben.
    Want dat betekent dat bewegende deomfrediging dat wurkfoar de zuivel. Dientengevolge, veel boeren beslutein de koeien maar in de stal te houden. “Maar consumenten willen juist dat meer koeien naar buiten te trekken”, legt Pieter Hogewerf van de Wageningen Universiteit op. “Probleem van de koeien naar buiten te gaan isdat ze eten minder efficiënt en daarom geven minder melk. Dat voedsel komt minder efficiënt, omdat ze dehiele weide beweidzje toegestaan. krijgen ze dan minder voedsel in de maag. ”
    Dit is de eerste fase van het proces, dat momenteel wordt gedaan op het merk ynnovaasjesintrum voor demolkfeehâlderij in Leeuwarden. De Dairy Campus is een initiatief van het opnemen van de Wageningen Universiteit, LTONederlân en Friesland Campina. Een volgende stap is dat de draden in de grond niet langer nodig is en dat ingps systeem stuurt de koeien. Maar dat duurt nog een paar jaar. Sommige veehouders zijn niet voor proef.Sy zeggen dat de sensoren schadelijk zijn voor de gezondheid van de koeien kan worden.

  28. Jelle Yntema septimber 10, 12:21

    Ik bin in nijsgjirrige ‘ItNIJS’-lêzer, mar krij it sûnt sawat in moanne lang al net mear tastjoerd. Ik krige altyd it Deiblêd én it Wykblêd, mar ik soe al wiis wêze mei it Wykblêd allinne. Hâld faasje en de groetnis fan
    Jelle Yntema

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*