Welsktalige lokale kranten binne populêr

maart 20, 2017 15:38

It giet goed mei Welsktalige kranten. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ‘e Britske omrop BBC. Yn Wales binne 52 lytse regionale kranten dy’t folslein of foar it grutste part yn ‘e Welske taal ferskine. Hja hawwe mei-inoar 56 tûzen abonnees. De delgong yn it tal lêzers dy’t by de grutte, meast Ingelsktalige, kranten te sjen is, docht him by de lytse Welsktalige blêden net foar. Der sit sels in lytse groei yn.

Neffens Glyn Tomos fan it Welsktalige moanneblêd Papur Dre is de reden foar it sukses ienfâldich: “Minsken moatte harsels yn ‘e krante weromsjen. Sa mjitte wy sukses. En as minsken harsels net sjogge, dan keapje se de krante net.” De krante fan Tomos rjochtet him op it stedsje Caernarfon. Der wurde alle moannen 1200 stiks fan ‘e krante ferkocht. Foar in stedsje fan goed njoggentûzen ynwenners betsjut dat dat sawat de helte fan ‘e húshâldingen yn it stedsje de krante lêst. Lokale bedriuwen advertearje deryn en frijwilligers besoargje de krante om de kosten leech te hâlden. De krante kriget in lytse subsydzje.

Emma Meese fan Pobl Caerdydd wiist ek op it belang fan identifikaasje. Har krante hat mear in bewegingskarakter. Sa fitere hja de lêzers yn ‘e krante oan om yn aksje te kommen tsjin nije Ientalige stasjonsbuorden yn Caerdydd/Cardiff. Dat slagge, der kaam fia de sosjale media in grutte kampanje foar twatalige buorden op gong. Frou Meese seit: “Us lêzers binne o sa warber op Twitter.”

Neffens Glyn Tomos fan Papur Dre kinne de krantemakkers net efteroer hingje. In pear jier lyn wie der wol in tebekgong fan it tal lêzers te sjen. Hja fûnen dat de krante âldfrinzich waard. In oare foarm fan sjoernalistyk, it oanfoljend gebrûk fan ynternet en de oergong nei in nije, mearkleurige foarside hat it tij keare kinnen. “Minsken wolle kleur sjen. De krante moat der yn ‘e kiosk ek kreas útsjen”, seit Tomos.

Ien fan ‘e kranten, Llanw Llyn is sa suksesfol dat er in pear foltiidse redakteurs yn tsjinst hat. Foar Ingelsktalige sjoernalisten binne de Welske kranten in boarne fan ynspiraasje: de lêste tiid ferskine der yn Wales op ferskate plakken ek Ingelsktalige lokale kranten. Dy dogge it ek goed, mar geane net op kosten fan ‘e Welsktalige blêden.

maart 20, 2017 15:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*