Tapir Tinus yn AquaZoo hat in adopsjeâlder krigen

maart 20, 2017 19:14 Fernijd

Tapir Tinus (foto: AquaZoo Fryslân)

De earste bisteadopsje yn AquaZoo Fryslân is in feit. De Súd-Amerikaanske tapir Tinus is it lokkige bist dat in adopsjeâlder krigen hat. Dat is mooglik makke troch Stichting Wildlife, dy’t sûnt koart aktyf is yn AquaZoo Fryslân en him ynset foar ferskate natuerbeskermingsprojekten.

Stichting Wildlife
It jild dat Stichting Wildlife donearret oan ferskate projekten komt fan ûnder oare donateurs en adopsjeâlden. Minsken dy’t in bist adoptearje yn AquaZoo Fryslân stypje wichtige natuerbeskermingsprojekten. Mar adopsjeâlden krije ek oare privileezjes. Sa wurde se fermeld yn it park en kinne se ‘har’ adoptearre dier ienris yn it jier ûnder begelieding fan in fersoarger fan hiel tichtby moetsje.

Frijwilliger wurde
Stichting Wildlife stypje kin ek troch frijwilliger te wurden yn it park. Op dit stuit wurde de earste frijwilligers oplaat om oer in skoftke rûnliedings troch it park jaan te kinnen. Elkenien dy’t âlder is as achttjin jier, de Nederlânske taal behearsket en entûsjast is kin frijwilliger wurde yn AquaZoo. Frijwilligers binne as earste op ’e hichte fan alle nijtsjes oer de bisten. Mear ynformaasje oer Stichting Wildlife: www.stichtingwildlife.nl.

maart 20, 2017 19:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*