Simmerkampen It Fryske Gea

maart 20, 2017 07:06

Wa’t tusken de 11 en 18 jier is, fan de natuer hâldt en fan ’t simmer graach in moaie fakânsje belibje wol, kin oan syn trekken komme yn in simmerkamp fan It Fryske Gea. Fan 21 augustus oant en mei 1 septimber hâldt dy simmerkampen op it Amelân. Yn it programma sit in soad ôfwikseling. Der wurdt oan sport dien, spultsjes en genietsjen fan de natuer.

It Fryske Gea hat op it Amelân in prachtich natuergebiet yn de dunen, mei in net te tellen soad fûgels en flinters. Dêr is fan alles te dwaan lykas in ekskurzje, helpe mei behearswurk, ûntdekkingstochten, en yn see swimme. Mei leeftydsgenoaten deropút, wille meitsje en in soad belibje. Der wurdt slept yn in kampearpleats. Dy is fan alle gemakken foarsjoen.

De wike begjint op moandei by Holwert, dêr’t de lieding de dielnimmers opwachtet. Fan moandei 21 oant en mei freed 25 augustus is der in kamp foar 11- o/m 14-jierrigen en fan moandei 28 augustus o/m freed 1 septimber foar jongelju fan 14 o/m/ 17 jier.

Alle ynformaasje (oer wat der meinommen wurde moat en hoefolle oft it kostet) is te finen op www.itfryskegea.nl/Kinderen/zomerkamp. Opjaan kin telefoanysk (0511-53 97 71) of mei in e-mail nei m.tolsma@itfryskegea.nl.

 

maart 20, 2017 07:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*