Rock-’n-rollleginde Chuck Berry (90) ferstoarn

maart 19, 2017 08:53

Foto: Wikipedia/Håkan Henriksson (Narking)

De Amerikaanske muzykleginde Chuck Berry is yn ’e âldens fan njoggentich jier ferstoarn. De plysje berjochtet dat er om it middeisoere hinne dea fûn waard yn syn hûs yn Missouri. Der binne noch gjin details bekend makke oer de oarsaak fan syn dea. De plysje skriuwt allinnich dat der fergees besocht is om de sjonger te reanimearjen.

Berry wie tige wichtich foar it begjin fan de rock-’n-roll. Yn de jierren fyftich kombinearre er blues, country en r&b ta in nij sjenre dat publyk oan beide kanten fan de rasseskieding oanspruts. Hy foel ek op fanwege syn skaaimerkjende ‘duckwalk’ by optredens. Neffens de Rock-’n-Roll Hall of Fame wie Berry nei Elvis Presley de ynfloedrykste artyst fan it sjenre. “Presley sette de doar nei rock-’n-roll op in kierke, mar Chuck Berry trape him wiid iepen.”

Ferline jier hat Berry ta eare fan syn 90e jierdei noch in nij album útjûn, syn earste yn 38 jier. Dêrop spile er ek mei syn bern Charles jr. en Ingrid.

maart 19, 2017 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*