‘Pykje Fjouwer’

maart 20, 2017 17:00 Fernijd

 

 

Tik tik tik. tik tik tik …….Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Mar nei in jier wol Pykje Fjouwer fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Mar dat fynt Kealtsje net sa’n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol weromsjen?

Pykje Fjouwer, skreaun troch Lida Dykstra en mei prachtige yllustraasjes fan Ina Hallemans, is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries, Kening fan ’e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

It earste eksimplaar is tongersdei 16 maart oanbean troch deputearre Johannes Kramer oan boer Jehannes Fopma by it maitiidsfeest ‘Amalia’s Wolkom’ yn Britswert. Boer Fopma is gasthear fan Amalia, de skries dy’t diel útmakke fan de tûzenen skriezen dy’t ôfrûne wykein yn Fryslân oankommen binne.

Pykje fjouwer is útjûn troch de Afûk. It is ynbûn en kostet € 13,50; ISBN: 978 94 9217 645 5
Der is ek in Nederlânsktalige ferzje ferskynd ûnder de titel: Kuikentje Vier (ISBN 978 94 9217 649 3).

maart 20, 2017 17:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*