Plasterk: PvdA en GrienLinks moatte byinoar

maart 20, 2017 07:51

Ronald Plasterk (foto: Wikipedia/Ryksoerheid)

Ronald Plasterk is fan betinken dat de PvdA nei de ferlerne ferkiezings gearfoege wurde moat mei GrienLinks. It is neffens him tiid foar in nije groepearring op links, ûnder lieding fan Jesse Klaver. De PvdA sil “in toantsje leger sjonge moatte.”  De PvdA-bewâldsman skriuwt yn in opinystik yn de Volkskrant: “De wichtichste konklúzje fan de ferkiezings is dat links as gehiel enoarm ferlern hat, tweintich sitten, en dat links folslein ferdield is. As je sa ferlern ha, moatte je je beriede op wêr’t it ea allegear om begûn wie.”

Neffens Plasterk rûnen de kiezers fuort omdat links ferdield is en de partijen inoar bestrieden ynstee fan rjochts. Hy neamt it wrang dat de SP in sit ferlear, mar dochs mei taart fierde dat de partij grutter wie as de PvdA. As de PvdA yn de Twadde Keamer fierder giet mei GrienLinks, leveret links mei 23 sitten ynienen de twadde partij fan it lân, redenearret Plasterk. “Idealiter soe de SP him ek yn dat linkse blok bejaan moatte”, stelt Plasterk, dy’t in brede partij as it Britske Labour of de Amerikaanske Demokraten foar him sjocht.

Noch foar de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier moatte der spikers mei koppen slein wurde. “Idealiter soene de partijen dêr mei kombinearre listen komme moatte. Yn in protte gemeenten sitte kombinaasjes fan de trije partijen al mei-inoar yn kolleezje of opposysje, hjir en dêr sil oer segryn hinne stapt wurde moatte. As der ien momint is om dit proses yn gong te setten, is it no. Ynstee fan negatyf omtinken foar it ferlies op links smyt it ynteresse op, en respekt.”

maart 20, 2017 07:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*