Nije banen yn It Hearrenfean troch wurkbonnen

maart 20, 2017 15:07

De gemeente It Hearrenfean wol wurkjouwers oantrúnje om minsken dy’t net maklik oan wurk komme kinne oan in baan te helpen. Dêrom sil de gemeente oant en mei de ein fan de 2018 wurkje mei saneamde wurkbonnen. Der wurdt úteinset mei earst 35 fan soksoarte wurkbonnen.

Wethâlder Coby van der Laan: “Wurkjouwers dy’t in wurksykjende mei in útkearing út de Partisipaasjewet yn tsjinst nimme, wurde mei de wurkbon yn ’e mjitte kommen mei € 3.000,-. Sa meitsje wy it oannimmen fan immen dy’t al lang wurk siket foar wurkjouwers oantrekliker. Wy hoopje op dy wize safolle mooglik minsken oan in baan te helpen.”

De earste
De earste baan troch de ynset fan de wurkbon is al in feit. Wurkjouwer ALPC, in gruthannel yn swimbaden, sauna’s en spa’s op It Hearrenfean, hie de primeur en koe fia dizze regeling in nije meiwurker wolkom hjitte.

Wurkbon
De wurkbon is in oanfolling op de besteande ynstruminten om wurksykjenden op de arbeidsmerk te krijen. It Hearrenfean brûkt no al regelingen lykas in proefpleatsing, proefperioade (koarte) mei behâld fan útkearing, leanweardemjitting (beoardieling arbeidsproduktiviteit fan in potinsjele wurknimmer mei beheining) en leankostesubsydzje (kompensaasje foar legere produktiviteit). Boppedat biedt de gemeente ek mooglikheden foar baancoachen.

As yn ’e rin fan 2017 bliken docht dat de wurkbon in sukses is, sil it tal wol útwreide wurde.

maart 20, 2017 15:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*