Mei Frysk komst net sa fier

maart 20, 2017 14:00


fan Jabik van der Bij

 

Friezen lykje algeduerigen in kar meitsje te moatten oer de taal dy’t se brûke: Frysk of Hollânsk. Hast altyd falt dat út yn it foardiel fan it Hollânsk. Simpelwei omdat It grutste part fan de Frysktaligen analfabeet bleaun is yn syn memmetaal. As it op it moed oankomt, dan wolle se dochs it leafst it Frysk brûke. Frysk yn roukaarten en -advertinsjes is hiel gewoan. As jo it Frysk skriuwen sels net behearskje, binne der altyd wol guon dy’t jo efkes helpe wolle. Mar yn it algemien kin men stelle dat de sljochtwei Fries it Hollânsk brûkt as skriuwtaal. Soks ta grut fertriet fan de Fryske bewegers. Dy krewearje al langer as in iuw om de Friezen te bewegen faker Frysk te brûken yn har skriftlike oprispingen.

Ik miende dat ik de foaroanmannen fan de BMD-Frysk ta de bewegers rekkenje mocht. Harren doelstelling is ommers om troch in ‘brede maatskiplike dialooch’ de Friezen mear bewust te meitsjen fan de nuodlike posysje fan it Frysk oan it begjin fan dizze iuw. Om dy posysje te fersterkjen soe der mear Frysk brûkt wurde moatte, is de filofosy fan de BMD-Frysk.

Men soe dan ek ferwachtsje dat in BMD’er syn Te Gastbydrage yn de Ljouwerter Krante yn it Frysk skriuwe soe. Ik begryp ek wol dat it de bedoeling is dat it stik fan ôfrûne sneon, oer in fúzje fan de linkse partijen, ek bedoeld is om bûten Fryslân lêzen te wurden, mar yn de LC hie ik dochs in Frysk stik ferwachte. Isabelle Diks kin no skoan it stik meinimme nei De Haach om it harren dêr ûnder de noas te wriuwen. Mei de Ingelsen soe ik hawwe wolle: doch watst prekest (practise what you preach). Neat wurket sa goed as it goede foarbyld.

Sa blykt mar wer dat as it derop oankomt, it Frysk ûnder de maat skynt te wêzen. Is it dan dochs wier dat je mei it Frysk net sa fier komme?

 

 

maart 20, 2017 14:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Amelander historie maart 20, 14:18

    Sa ist mar krekt. Wy matte mear yn it Fryske skriuwe mei us allen. Allenich oersette yn Google Translate is net foldoende. Ek de lytse dialekten yn Fryslân wurde steeds mear ferdrongen troch it Hollandsk dat de âlders se leren. Dat is skande want meartalighied kin ommers like goed?

  2. Johannes maart 20, 16:54

    BMD doart net Frysk te skriuwen en de Friezen krije it net op skoalle. Ik skriuw elkenien oan yn ‘t Frysk, yn elts gefal yn Fryslân. Is dyjinge in Fries of hat er hjir wenne, dan is it ek Frysk.

  3. U.D. Maat maart 22, 09:41

    It Frysk ‘is net ûnder de maat’, ‘mar ûnder de mjitte’. In raar hollânisme yn it skriuwen fan in Frysk beweger. ‘Maten’ binne ús kammeraten en ynterferinsjes net …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*