Ien op de trije Friezen stookt wol gauris hout

maart 19, 2017 19:56 Fernijd

Goed ien op de trije Friezen stookt geregeldwei hout; likernôch twa tredde hâldt dêrby rekken mei buorlju en de measte Friezen hawwe gjin lêst fan sûnensklachten troch it stoken fan hout. Dat blykt út ûndersyk fan GGD Fryslân yn desimber 2016. 1275 Friezen hawwe meidien oan dit ûndersyk.

It stoken fan hout is foaral gesellich
36% fan de dielnimmers oan dit ûndersyk hat in houtkachel, palletkachel of iepen hurd. Dy wurdt foaral brûkt as byferwaarming (73%), foar de geselligens (74%) en de oare strielingswaarmte dy’t de kachel jout (73%).

Sûnens en feiligens by it hout stoken yn hûs
Fan de panelleden mei in houtkachel, palletkachel of iepen hurd hâldt 96% rekken mei de eigen sûnens en feiligens en dy fan de húshâlding, ûnder mear troch allinnich drûch en skjin hout te stoken (85%) of spesjale pallets foar de palletkachel te brûken. 77% lit jierliks de skoarstien feie. 32% seit nea rekken mei de buorlju te hâlden. Dy’t wol rekken hâlde mei de buorlju dogge dat foaral troch drûch en skjin hout of pallets te stoken (88%) en troch gjin ferve of ympregnearre hout of spaanplaten te stoken (62%).

Sûnensklachten troch it stoken fan hout
De measte panelleden (71%) jouwe oan gjin sûnensklachten te hawwen troch it stoken fan hout by harren yn de buert. Goed in fjirde part (27%) fan de panelleden jout oan soms oant faak dêr ris sûnensklachten troch te hawwen. It giet benammen om yrritaasjes oan eagen of noas (55%) en om hoastjen (51%). 14% fan de âlden jout oan dat de bern ek wol ris sûnensklachten hawwe troch houtreek. By dyen giet it ek foaral om hoastjen (60%) en yrritaasjes oan eagen of noas (58%).

Is houtrook like skealik as sigarettereek?
Dy fraach binne de mieningen fan de panelleden sterk oer ferdield: 55% is it dêr (al hielendal) mei iens en 45% is it der (hielendal) net mei iens. Neffens GGD Fryslân is dy ferliking net sûnder mear te meitsjen: alle reek is net sûn. GGD Fryslân rikkemandearret dêrom by it ferbrânen fan hout it ynazemjen fan skealike stoffen safolle mooglik te beheinen.

Wa’t der mear oer witte wol fyn dêr ynformaasje oer op https://www.ggdfryslan.nl/1305/houtrook/

maart 19, 2017 19:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*