Homobeweging lilk op Ierske taalbeweger

maart 15, 2017 18:24

It beruchte mouhimd

De eigner fan in Ierske kroech yn ‘e Amerikaanske stêd Syracuse wie fan betinken dat er in aardich T-shirt makke hie om de Ierske feestdei fan Sint Patrick te fieren en syn leafde foar de Ierske taal te uterjen. Dat wie lang net elkenien mei him iens. Op it mouhimd is in leprechaun te sjen. Dat is in mytysk Iersk wêzen, in foech ierdmantsje. Leprechauns binne in sterk symboal fan ‘e Ierske identiteit. De leprechaun stiet by in pot mei goud oan ‘e ein fan in reinbôge, dêr’t de wêzentsjes neffens de folksferhalen harren skat bewarje.

Kroechbaas Dennis Coleman fan Coleman’s Authentic Irish Pub hie in T-shirt makke mei dêrop de tekst Mom, dad, I’m Gaelic (‘Heit, mem, ik bin Iersktalich’). Krekt lykas de reinbôge is dy tekst in knypeach nei de homobeweging. De sin bringt de lêzer ien yn it sin dy’t syn âlden fertelt dat er homo is. Coleman  krige in soad krityk. Hy soe gebrûk meitsje fan symboalen fan ‘e homobeweging en it leed fan homo’s útbuitsje. Dat soe homofoob wêze. Boppedat befêstige er it byld fan tradisjonele relaasjes troch in mom en in dad te neamen en net twa memmen of twa heiten. Oaren sizze dat Coleman moreel ferplichte is om de winst dy’t er op ‘e himden makket oan ‘e homobeweging te skinken.

De kroechbaas hat syn ûntskuldigings oanbean oan minsken dy’t harren misledige fiele troch wat der op it T-shirt stiet. Hy hâldt it lykwols al yn ‘e ferkeap, sa hat er te witten dien. Minsken hawwe no ienkear in ferskillend gefoel foar humor, sa seit er. Neffens him is it feit dat minsken syn T-shirts keapje just in teken fan akseptaasje fan homo’s yn ‘e Amerikaanske maatskippij.

maart 15, 2017 18:24
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. w h vd wal maart 17, 00:06

    My is de miening tadien dat de reinbôge fan ús allegearre is en net ‘n symboal is fan homo’s en sa.
    De kleuren fan de reinbôge binne úntstien troch it brekken fan súver wyt ljocht .
    Foar my is de reinbôge “een teken van” , “Na regen komt zonneschijn” en dat is foar elk en ien bedoelt.
    Wy meie de kleuren fan de reinbôge brûke súnder
    dat wy assosjaasjes mei homo’s ha !
    of dat homo bewegingen sich disse kleuren combinaasje ta-eigenje kinne !

    SYKJE MAR GAU OARE SYMBOALEN !

  2. Willem Riemersma maart 17, 07:01

    De Reinbôge jildt yn de Bibel as it teken fan hope.
    In soad kristlike skoallen hawwe dy namme, yn it Frysk en yn it Hollânsk.
    Hokker betsjutting homoseksuelen dêr oan ferbine, dat wit ik net.
    Jo kinne mei it ‘ferskynsel’ wrakselje – doch ik as hetero earlik sein ek, en foaral mei provosearjende manifestaasjes-, mar wêrom kinne sy gjin kleuren sjen litte, yn dit gefal miskien as blyk fan hope op frij wurde fan agresje tsjin harren wêzen?
    Ik wit net krekt hoe’t sit, mar dy hope ha ik foar harren alteast al, as ‘wrakselejnde’ hetero.

  3. w h vd wal maart 17, 20:21

    O.K. ek Homo’s meie de kleuren brûke as teken fan hope .
    Mar as ik it goed begryp wurdt yn it artikel praat oer de
    “reinbôge” as Homo symboal .
    Mar dat is it perfoast net en giet de reaksje fan disse homobeweging dus to fier !
    En wast die wurden dér by betreft , dat fyn ik ek fier socht .

  4. Willem Riemersma maart 17, 20:58

    Mei jo iens, wy hawwe hjir op ús eigen nei neat yn eigendom, en eins sels dat net. Lit stean symboalen.
    Tank foar jo ferdúdliking en terjochte korreksje op myn reaksje..

  5. w h vd wal maart 20, 22:34

    Bedankt Willem !

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*