In goede nachtrêst fielt krekt sa goed as it winnen fan de lotterij

maart 20, 2017 12:10

Foto: morguefile.com

Soene jo graach in lotterij winne en in pear ton ekstra op je bankrekken stean ha? Ut nij ûndersyk docht bliken dat in minske krekt sa lokkich wurdt fan in goede nachtrêst.

Undersikers fan de universiteit fan Warwick hawwe de slieppatroanen fan 30.500 Britten analysearre. Undersiker Nicole Tang fûn út dat wannear’t ien better sliept, dat in positive útwurking hat op de mentale en fysike sûnens fan dy persoan. Kwa geloksgefoel komt it neffens Tang oerien mei it winnen fan in jildbedrach fan 200.000 pûn, dat likernôch 230.000 euro is.

Miskien hoopje je ea de jackpot te winnen, omdat je tinke dat dat je lokkich makket, mar it is folle realistysker om je te rjochtsjen op in bettere nachtrêst. De kâns dat je ea in jildbedrach fan in pear ton winne is lyts.

General Health Questionnaire
Tang en har kollega’s makken foar it ûndersyk ûnder oare gebrûk fan de General Health Questionnaire. Dat is in selsrapportaazjelist foar it mjitten fan psychyske klachten. Dokters en psychologen kinne op basis fan de resultaten sjen hoe goed in persoan yn syn fel sit. Tang seach dat de skoare fan minsken dy’t goed sliepe mei twa punten ferbettere. “Yn in ferfolchûndersyk moatte wy sjen hokker aktiviteiten de nachtrêst posityf of negatyf beynfloedzje”, seit Tang. “Dêrfoar moatte wy ek sjen nei de libbensstyl fan de proefpersoanen.”

Sliepfoarljochting
De konklúzje is glêshelder: wa’t better sliept, fielt him ek better. Goede sliepfoarljochting is faaks in goede manier om in protte oare problemen tsjin te gean, lykas sykte en wurkleazens.

Boarne: scientias.nl

maart 20, 2017 12:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma maart 20, 17:45

    Je sille suver mar op in houtsje bite moatte nei sa’n ‘goeie nacht’!
    Minsken dy’t dat troch omstannichheden moatte hawwe meastentiid gjin goeie nacht, mar lizze nachten wekker. Tinkt my.
    Is der foar represintativiteit rekken holden mei ferskaat yn ynkommensgroepen en wolfeartsnivo?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*