Friezen fiele har lokkiger as Nederlanners

maart 20, 2017 15:16

Fryslân is echt it ‘bêste lân fan ierde’. 91 fan ‘e hûndert Friezen binne poertefreden mei it libben. Dat is it heechste oanpart fan alle provinsjes. Foar Nederlân as gehiel binne it 88 fan ‘e hûndert minsken. Dêrmei stiet Nederlân op wrâldskaal op it sechsde plak. Mar trije fan ‘e hûndert Nederlanners fiele harren werklik djip ûngelokkich.

Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat it CBS, it sintraal buro foar de statistyk, yn 2013 útfierd hat. Neffens it ûndersyk is der in sterke gearhing tusken sûnens en lok. Minsken dy’t troud binne of tegearre wenje binne ek in stik lokkiger as lju allinnich. In goed kontakt mei oare minsken is ek wichtich. Ynkommen hat ek wat ynfloed op it loksgefoel, mar net folle. Friezen hawwe relatyf faak in fêste relaasje en in goed kontakt mei ‘de mienskip’.

It lokkichste lân fan ‘e wrâld is Noarwegen. Op ‘e plakken twa oant en mei fiif steane Denemarken, Iislân, Switserlân en Finlân.

 

 

maart 20, 2017 15:16
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma maart 20, 20:30

    As dit goeie nijs oare kant Ôfslútdyk no ris goed útspile wurde koe!
    Dan krije wy hjir aanst sokke kloften migranten út Hollân, dat de oantoanbere reewilligens om Frysk te learen en dêryn neitiid proeve fan bekwaamheid ôf te lizzen gewoanwei as fereaske jilde kin. En dêrneist fansels allinne mei in knoarre jild en/of mei feitlike of alteast potinsjele bydrage oan it ynlânsk BNP fan Fryslân.
    Tred, de betingst om it beskikbere en foar trijekwart ûnbenutte noardlike stik fan de Sintrale As dochs noch fier hinne rindabel te meitsjen troch fêstiging yn it oanbelangjende krimpgebiet. Is dat opfold, dan kinne oare kontreien tabedield wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*