Feie Fonyk: praat of praten

maart 16, 2017 14:39

 

 

Anne Merkuur hat it sels heard en fêstlein. Der binne Friezen dy’t sizze: “Ik ha sjoend en wy hawwe praten” yn stee fan: “Ik haw sjoen en wy hawwe praat”. Merkuur is promovendus by de Fryske Akademy en se docht ûndersyk nei taalferoaring. Neffens har is it Frysk der tige geskikt foar lykas alle minderheidstalen. Ommers, sokke lytse talen hawwe in gruttere fariaasje en feroarje mear as de grutte talen lykas it Ingelsk en Nederlânsk, dy’t sterk standerdisearre binne.

Snein 5 maart lêstlyn hold de promovendus yn Tresoar in lêzing oer taalferoaring yn it Frysk. Dat wie yn it ramt fan Museum Universiteit, in gearwurkingsferbân fan RUG/Campus Fryslân, it Fries Museum en Tresoar.

Anne Merkuur is nei har stúdzje Nederlânske Taal en Kultuer en Taalwittenskip no dwaande mei it ûndersyk “Changes in modern Frisian verbal inflection”. Mei oare wurden: hoe feroarje tiidwurden yn it Frysk en hoe komt dat. It is in nijsgjirrich ûndersyk en de Gysbert Japicxseal siet op dy sneintemoarn om healwei tolven sa goed as fol. It publyk waard net teloarsteld, want Anne Merkuur is ien dy’t wit hoe’t se wittenskiplik ûndersyk ûnder de minsken bringe moat. Nijsgjirrich, fleurich en goed ûnderboud.

De folksmûle makket der praten fan.

Nei in koarte ynlieding oer har fak taalkunde, gie Merkuur yn op har ûndersyk. In soad taalferoaring bart troch de ynfloed fan oare talen. Dat mei wier wêze, mar mei har ûndersyk liet de ûndersykster sjen dat it Frysk ek feroaret ûnder ynfloed fan it Frysk sels. Yn har ûndersyk beheint se har ta tiidwurden, bygelyks it tiidwurd ‘prate’. Pieter de Groot skreau in syn kollum Dwers fan freed 10 maart “Neat gjin nijs”, oangeande de lêzing en dat tiidwurd. Dat ûnderboude er mei Douwe Tamminga syn stikje yn “Op ’e taelhelling“ út 1959. Ik haw it der sels bypakt. It is opnommen yn de sammelbondel fan 1963 op side 9. Nei it besprek fan it ferskil tusken sprekke en prate giet Tamminga wiidweidich yn op prate en dan skriuwt er: “Dit verbum ( tiidwurd ) is lûdfêst en hat de bûging prate, praette, praetten, praet. Hwerby opmurken wurde kin dat de folksmûle fan it mulwurd (foar de minsken dy’t dat wurd net kenne “het voltooid deelwoord”) faek in “sterke” foarm mei -en-útgong makket. Dus: ik ha in ûre mei him praten”.

Merkuur komt ta deselde konklúzje en toande oan dat de taal fan de Súdwesthoeke fan Fryslân ynfloed hat op dy fan hiel Fryslân. De -en útgong ûntstiet ûnder ynfloed fan oare sterke tiidwurden lyk as “sitte – siet – ik haw sitten” of “ride – ried – ik haw riden”. Ik lit it besprek fan “ik haw sjoend” yn stee fan “ik haw sjoen” sitte. Yn de diskusje nei ôfrin kaam de grutte mobiliteit fan tsjintwurdich oan de oarder as mooglike ferklearring fan taalferoaring en men hat soarch oer de takomst fan it Frysk. Derneist waard der yngien op de fraach wat no eins geef Frysk is. Deroer waard men it net iens. Mei sprekkers as Merkuur kin Museum Universiteit in sukses wurde, as it dat al net is. In moai inisjatyf! Snein 2 april sprekt Jasper Heslinga oer Toerisme in het Waddengebied.

 

 

maart 16, 2017 14:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*