Dieet fan wjirmen bedriget kwelders

maart 19, 2017 13:00 Fernijd

Foto: Wikipedia/Gouwenaar

As seediken beskerme wurde mei gerzige kwelders dy’t weagen dimpe, dan hoege se net sa heech te wêzen. Ut nij ûndersyk docht lykwols bliken dat der twa gefaren binne: wjirmen mei in superfooddieet en klimaatferoaring.

It bûtendykske kweldergers hat it swier, konkludearret ûndersiker Zhenchang Zhu fan de Radboud Universiteit Nimwegen. Hy die ûndersyk by it NIOZ (Keninklik Nederlânsk Ynstituút foar Undersyk fan de See) nei de kwelders. Takom wike ferdigenet er syn promoasjeûndersyk.

Túnkjende wjirmen
It earste gefaar komt út de grûn. Mearkleurige seetûzenpoaten stekke de hurde gerssiedden djip fuort yn de kwelderboaiem en litte se dêr ûntsprute foar’t se de soppige plantsjes opite. Je kinne it in superfooddieet fan kymplantjes neame. Dy wjirmen libje yn gongen yn it sedimint fan waadplaten en skoarren en is in opportunistyske allesiter. Ut it perspektyf fan de wjirm wei is it logysk dat se sels kymplantsjes ferbouwe. Seetûzenpoaten dy’t de selsferboude kymplantsjes ite wurde nammentlik tweintich persint swierder as wjirmen dy’t hurde, net-ûntspruten siedden iten.

Dat betsjut dat in protte gerssiedden gjin kâns krije om út te groeien ta planten dy’t de kwelder – en de achterlizzende dyk – beskermje tsjin weagen. Foar in sûne kwelderfegetaasje moatte de siedden krekt op de juste djipte lizze. Net te ûndjip (wêrtroch’t se fuortspiele) en net te djip  (wêrtroch’t se net ûntsprute).

Klimaatferoaring
Mar klimaatferoaring is ek in gefaar. Dat hat dermei te krijen dat weagen sterker wurde. In pear dagen lyn waard al bekend dat grutte oerstreamingen normaal driigje te wurden yn Europa. “It ûntspruten fan foldwaande sied fan kwelderplanten is de kaai ta de groei fan it kwelderareaal”, reagearret ûndersiker Zhu. “Dat sil nei alle gedachten yn de takomst dreger wurde, want de stiigjende seespegel en yn oantal en sterkte tanimmende stoarmen sille de eroazje troch weagen op waadplaten tanimme litte. Dat makket de betrouberens fan kwelders as natuerlike manier fan kustbeskerming tsjin stoarmen op de lange termyn minder.”

Boarne: scientias.nl

maart 19, 2017 13:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*