Aksje plaknammen Waadhoeke

maart 17, 2017 09:38
Yn de nije gemeente Waadhoeke soene alle minsken gelyk wêze moatte. De minsken út it eardere Littenseradiel en Menameradiel hawwe it rjocht om Frysktalige plaknammen te fieren en de minsken út de eardere gemeenten Frjentsjerteradiel en It Bilt hawwe dat net. Aansen komt der ien gemeente Waadhoeke en dêryn soe elke boarger deselde (taal)rjochten ha moatte. Minsken yn Frjentsjerteradiel en It Bilt ha dan ek rjocht op offisjele Fryske plaknammen.

Sûnt 1 jannewaris 2010 hat de gemeente Menameradiel Fryske plaknammen. Yn Littenseradiel hiene se al folle langer Fryske plaknammen. Wy wolle dat de nije gemeente Waadhoeke ek beslút om op Fryske plaknammen oer te gean. Politisy, doch dêr wat oan!

Twatalige plaknammen binne fansels moai. Mar yn de basisadministraasje fan de gemeente kin mar ien plaknamme offisjeel wêze. Wy fine dat dat de Fryske plaknamme wêze moat. Want wy prate, tinke en skriuwe oer Frjentsjer, mar noch hieltyd krije wy brieven thús mei dêrop ‘Franeker’.

Yn ’t koart: Wy, de ynwenners fan Frjentsjerteradiel en It Bilt, wolle deselfde rjochten ha as minsken yn Menameradiel en Littenseradiel. Frjentsjer wurdt no einliks offisjeel Frjentsjer en niks oars! Om sels mar it goede foarbyld te jaan, ha wy ‘Franeker’ mar fêst oerplakt.

Pier Schuurstra – Frije Fryske Grûn

maart 17, 2017 09:38
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Johannes maart 17, 15:14

    Op It Bilt sil dat in soad argewaasje jaan. De echte Bilkerts sille net wiis wêze mei in Fryske namme. Dy hawwe it leafst it Biltsk boppe en de Nederlânske namme er ûnder. Dat kin in striid wurde, want wer de grutste part fan dy ‘t op It Bilt wenje binne Frysk. Ik ek, mar ik bin foar it Biltsk boppe en dêr ûnder Frysk.

  2. Krottsy maart 20, 08:28

    As oud-Stannebuurtster sêg ik “Groat gelyk”, Jehannes! Maar dan dink ik ok foor de échte Franekers: wat is Franeker op syn Franekers? (maar goed, ik weet niet hoefeul Franekers nag Franekers prate…) Iets sait mij dat ‘t in elk gefal niet “Frjentsjer” is 🙂

  3. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân maart 20, 11:29

    http://www.itnijs.frl/2017/03/iepen-brief-oan-de-riedsleden-fan-frjentsjerteradiel/

    Yn it iepen brief fan Elzinga oan de riedsleden fan Frjentsjerteradiel wurdt dúdlik dat it hjir om wat oars giet. Oft Krottsy in frou is of net, dat wit ik net. Mar stel jo ris foar dat in frou – kwa frouwerjochten – yn it iene doarp fan de gemeente Waadhoeke aanst oars behannele wurde soe as in frou yn it oare doarp. It giet hjir om it gelykheidsbegjinsel.

  4. Johannes maart 20, 16:45

    Plaknammen is polityk. Polityk is dy ‘t de macht hawwe en dy binne faak foar Nederlânske nammen. Ik bin benijd wa’t aansten de macht krije yn ‘e nij gemeente de Waadhoeke. De Friezen en de Bilkerts, dan wurdt it faaks wol wat. En oer froulju wurdt ek net alhiel lyk tocht, it is allegearre polityk.

  5. Jehannes Elzinga maart 27, 22:37

    Oan: Pier Schuurstra.
    Ik begryp dat wy mienskiplike doelen neistribje, wat Fryske plaknmmen yn Waadhoeke oanbelanget.
    Ik soe wol mear witte wolle fan jimme organisaasje Frije Fryske Grûn ynhâldt. Faaks kinst my in mailtsje stjoere: jeh.elzinga@gmail.com.
    Jehannes Elzinga, Frjentsjer..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*