Wurdt it mei de drokte fan KH2018 in púnheap yn Fryslân?

febrewaris 7, 2017 16:37


troch Hans Kort

 

foto: J.L. Kort-de Jong

Sneon stie op de webside nos.nl in artikel oer de tastream fan it publyk nei de Alma-Tademaústalling yn it Frysk Museum. De 150.000ste besiker waard dizze wike wolkom hjitten, wylst rekkene wie op sa’n 80.000 besikers. It museum hie grutte muoite en lied it yn goede banen. Yn dat ramt freget nos.nl him ôf oft wy, Friezen, wol klear binne foar de tastream fan besikers yn it jier fan Kulturele Haadstêd 2018 (KH2018).

It docht in bytsje tinken oan de iepening fan it Rijksmuseum yn Amsterdam, dêr’t neitiid in floed fan besikers hinne kaam. Net foar in spesjale ústalling, mar foar it museum yn syn gehiel. En ôfrûne jier kamen der folle mear besikers nei de ústalling oer Jeronymus Bosch yn it museum fan ’s-Hertogenbosch as ferwachte wie. It museum moast elke dei langer iepen en de ústalling waard in tal kearen ferlinge.

Yn Ljouwert moast it Frysk Museum sels de kapasiteit fan de oan- en ôffier fan it wetter ferdûbelje om alle besikers fan kofje te foarsjen. Dy dûbele kapasiteit is ek wol nêdich, want foar de spesjale foarstellingen yn 2018, oer Mata Hari en M.C. Escher rekkenet it museum op syn drokst sels op maksimaal 20.000 besikers yn ’e wike. Dat is ien miljoen besikers oer it hiele jier. Dat is in protte as je betinke dat de kapasiteit op dit stuit 100.000 besikers it jier is.

Jonkman ferjit Slachtemaraton

Neffens Immie Jonkman fan KH2018 is Fryslân wol berekkene op grutte oantallen besikers. Tink mar oan, neffens har, de Alvestêdetocht fan 1997 en Serious Request. Dat is wier. Mar dy trije eveneminten binne eins net te ferlykjen. It evenemint dêr’t it al twa kear fout gie, de Slachtemaraton, soe dan ek yn dat rychje neamd wurde moatte. Ien kear gie it fout yn Easterbierum, dêr’t ferklomme minsken net fuortkomme koene. En de lêste kear yn Raerd, dêr’t minsken soms twa oeren wachtsje moasten om te parkearjen.

It programma fan KH2018 is noch net bekend. Dêrom falt der noch net safolle te sizzen oer wat de grutte publykslûkers wurde sille. Dochs tink ik dat it in prachtich jier wurde sil. Mei hooplik net te folle smetsjes dêr’t de drokte ús by ‘oer it mad kaam’. Dy’t dan efterôf, neffens de echte Fryske tradysje, ûnder it kleed fage wurde.

febrewaris 7, 2017 16:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes febrewaris 7, 19:07

    Wy as Friezen kinne dizze floed de baas wêze, wis en seker. Oeral is er feest sa as yn simmer 2000. It is net allinich yn Ljouwert. Bygelyks yn ‘e Westhoek. De mogelike nije gemeente Waadhoeke docht de doar wiid iepen. Wiet wurde fan alve fonteinen. As der Beerenburch út komt is elkenien smoar. De grutste ferrassing sil wêze de Alvestêdetocht oan it begjin EN oan it ein fan it jier 2018. Piet wit it noch net, hy wurdt de Thialf fan it iis.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*