Wittenskippers ûntdekke nij kontinint

febrewaris 17, 2017 13:06

De wrâld neffens Mortimer-en-harren

Noard- en Súd-Amearika, Afrika, Eurazië, de Súdpoal en Oseanië – dat binne de seis wrâlddielen yn ierdkundige sin. Sa wurdt it alteast op it stuit ûnderwiisd. In groep wittenskippers yn Nij-Seelân en Australië hat lykwols in ûntdekking dien dy’t derop wiist dat der mooglik in sânde kontinint bestiet.

Yn ’e Stille Oseaan leit neffens de ûndersikers in grutte ierdkoarste, dy’t in oare gearstalling en sels in oare hichte hat as de koarsten dêr’t er tsjinoan leit. Nick Mortimer fan it Nij-Seelânske ûndersyksynstitút GNS Science hat de ôfrûne tweintich jier ynformaasje garre oer de ûndergrûn fan ’e Stille Oseaan. Nij-Seelân is de grutste lânmassa op it kontinint, dêrom stelle de ûndersikers út om it Zealandia (Seelandia) te neamen.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift GSA Today, http://www.geosociety.org/gsatoday/archive/27/3/article/GSATG321A.1.htm. It is dêr fergees te lêzen.

febrewaris 17, 2017 13:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Willem Riemersma febrewaris 17, 14:43

    Ien fraach: wêr is it lân dan? It is dochs gjin Waadsee?

  2. Willem Riemersma febrewaris 19, 21:06

    Noch in lêste fraachje oer de namme: hyt it net YN-kontinint, by allinne mar wetter?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*