Trump komt syn beloften nei

febrewaris 6, 2017 07:44


troch Sybren Singelsma

Foto: Wikipedia/Michael Vadon

 

Ik haw mei oandacht de ynaugurele rede fan Donald Trump beharke. Foar de earste kear hearde ik fan him in min of mear gearhingjend polityk ferhaal. Dochs apart dat je dat foar de ferkiezingen net dogge, mar ja, de man sit fol ferrassingen. Dêrnei hat er in wike of twa wurke, en ja, de wrâld stiet op stelten. Dochs docht de man allinnich mar wat er yn de kampanje tasein hat. Komt in politikus syn beloften ris nei, is it wer net goed, tink ik dan! Ik jou ta dat iksels ek ferwachte hie dat er ienkear yn it Oval Office wol de mear pragmatyske sakeman wurde soe, mar nee, hy docht wat er sein hat dat er dwaan soe. It is my noch hieltyd net dúdlik oft de man gek of geniaal is. Wat wol dúdlik is, is dat in stelsel fan jierrenlange tradysjes, ôfspraken en ôfhinklikheidsrelaasjes, fan de iene op de oare dei feroarje kin. Dat rekket ús yn de ekonomy en ús feilichheid.

Trump hat dus sa’t er sein hie de oanfal op de hannelsferdraggen ynset. Dat leveret yn it begjin miskien winst op, Ford giet net nei Meksiko, mar op de langere termyn wurdt elkenien earmer. De Meksikanen hawwe ek gjin jild fertsjinne om in Ford te keapjen. En dan de geopolitike feilichheid. Wa leaut noch dat Amearika ús helpe sil tsjin Poetin as Trump en Poetin de bêste freonen wurden binne en lykas yn Jalta de wrâld yn twa ynfloedssfearen ferdiele? Geert Wilders stipet op dit stuit Trump o sa, mar ik moat noch sjen oft Trump Geert stypje sil, mocht dy ea premier fan Nederlân wurde en yn de problemen komme mei Poetin. Europa is dus op himsels oanwiisd en dy feilichheid sille de ûnderskate steaten net allinnich leverje kinne. Dat sil militêr komme moatte fan de NAVO en polityk fan de EU. De kiezer liket lykwols noch net fan dy realiteit oertsjûge en rint efter opportunisten lykas Wilders en Le Pen oan.

Wolle we Trump effektyf bestride, dan moatte we dus net demonstrearje foar de Amerikaanske ambassade yn De Haach, mar op 15 maart stimme op politisy dy’t dat ynsjogge en ree binne om dat earlik oan de kiezer dúdlik te meitsjen. It liket my yn alle gefallen net snoad om politisy as Wilders te bestriden troch krekt as him te wurden.

febrewaris 6, 2017 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*