Taalsear is krekt as lânskipspine

febrewaris 13, 2017 21:55

Wat ferwaarleazge wurdt kin wol wearde ha, mar alles fan wearde is warleas. Ferwar is lykwols nét sinleas, ornearret Nanne Hoekstra.

Minsken witte langer net mear hoe’t jirpels sean wurde moatte; dat, boeren kinne wol ophâlde mei de jirpelbou. In nuvere redenaasje, no? Lykwols redenearje guon brieveskriuwers yn de Ljouwerter krekt sa, as se it oer it Frysk ha (Karel Pander LC 22-12-16, Joop v.d. Heide LC 9-1-17 ). Om koart te kriemen, hja skriuwe: it Frysk wurdt langer sa min praat, it is de muoite net mear wurdich en stek der noch enerzjy yn. Piter Bergstra (LC 7-1-17) konkludearret sels út it taalgebrûk dat de Friezen it Frysk neat mear skele kin. Wat ferwaarleazge wurdt, sil wol gjin wearde ha, sa liket er it ferneamde dicht fan Lucebert net goed te begripen. Dan komt ús lânskipspine grif trochdat de boeren it eigen lân neat miteret? Nee, dat geasear komt fan ekonomyske wetmjittichheden dy’t boeren twinge nei hieltyd hegere produksje. Allyksa komt it taalsear fuort út de ekonomyske needsaak it Nederlânsk en it Ingelsk goed te behearskjen en soks hat ynfloed op de kwetsbere omgongstaal, dy’t samar erodearret as ûnderwiis en media it Frysk skouderje. Ut enkêtes docht hieltyd wer bliken dat fierwei de measte ynwenners fan Fryslân wiis binne mei it Frysk. Mar alles fan wearde is warleas, dichte Lucebert, en boeren en Fryskpraters wurde troch de maatskiplike omstannichheden yn in fûke dreaun.

Lykwols ha se der alle belang by dêr oan te ûntkommen. Want buorkjen smyt amper noch wat op en de (jongerein)taal op strjitte kreolisearret – yndied – ta in griemmank fan Hollânsk en Frysk, sadat de Friezen de ferbining mei harren identiteit en kulturele rykdom kwytreitsje. ‘Ferwar is nét sinleas’, sei kaptein Picard (yn de rige Star Trek) doe’t der assimilaasje troch frjemdfolk wankte.

De ferneamde dichtrigel fan Lucebert gnist sels guon gevels op, lykas dy fan in kafee yn Gent. Boarne: Wikipedia

Captain Jean-Luc Picard: “Resistance is nót futile”. Foto: Wikipedia

Biologyske boeren buorkje foarút en de sprektaal kin him likegoed wer nei moaier Frysk ûntjaan. Bergstra skriuwt dat ‘redens’ no ‘skaatsen’ wurden binne, mar wylst ik as jonkje ‘skaatste’, gean ik hjoed-de-dei wer te ‘reedriden’. Just om’t biodiversiteit en taalferskaat ûnbetelber binne, moat der yn ynvestearre wurde. Wat allikegoed banen en ynkomsten opsmite sil. Fryske boargers kinne sels maklik meidwaan. Keapje duorsume streekprodukten en lûk jim neat oan fan it negative geëamel oer it Frysk. Brûk dy taal just sa folle mooglik en ferdjipje jim der yn. It ûnderhâlden derfan kin noflik troch it folgjen fan Frysktalige websiden (sjoch Startside.frl) lykas ItNijs.frl. Doch mei oan it KH18-projekt ‘Wy jouwe elkoar de fiif’ (sjoch Stipe.frl). En in kursus persoanlike ûntwikkeling kin likegoed by de Afûk!

Nanne Hoekstra, Apeldoarn

 

Dit stik is ek pleatst yn de Ljouwerter Krante fan sneon 11 febrewaris 2017. De oanhelle stikken binne hjirûnder te lêzen (oanklikke); © Leeuwarder Courant

LC-20161222-Taalachterstand en zuiver Fries (Karel Pander)

LC-20170107-Huidig Fries is niet meer dan dialect (Piter Bergstra)

LC-20170109-Krampachtige taalpuristen (Joop van der Heide)

 

febrewaris 13, 2017 21:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*