Roodeschuur is der net mear

febrewaris 16, 2017 23:37

De plaknamme Roodeschuur is net mear te lêzen. De Nederlânske oersetting fan Roodeschuur is fan ‘e plaknammebuorden helle. Dat is de earste stap yn it ferwiderjen fan ‘e dûbeltalige buorden fan buorskippen yn ‘e gemeente Achtkarspelen. Wethâlder Jouke Spoelstra hat it earste ientalich Fryske boerd tiisdei ûntbleate.

De buorskippen hawwe al sûnt 1958 offisjeel in Fryske namme. De plaknammebuorden wienen lykwols altyd noch twatalich. It Nederlânsk stie sels boppe de Fryske namme. Benammen de FNP hat de ôfrûne jierren foar de oergong op ientalige buorden pleite en dat hat fertuten dien.

Om de kosten te beheinen wurde de besteande buorden earst ferfongen as dat likegoed nedich wêze soe. Op guon plakken kin dat noch in jiermannich duorje.

febrewaris 16, 2017 23:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*