Paul Hekstra wei

febrewaris 15, 2017 08:13

By syn ôfskied as skriuwer fan de YKFE op 18 april 2015 waard Paul Hekstra (rj.) tasprutsen troch Cor Waringa, doe foarsitter fan de YKFE, yn de Gruttsjerke yn Ljouwert. Foto: Jan Veldman

Moandei 13 febrewaris is folsein ûnferwachts ds. Paul Hekstra yn de âldens fan 74 jier stoarn. Hekstra, dy’t yn 1942 berne wie yn it doetiidske Nederlânsk Ynje, groeide nei de oarloch op yn Fryslân en studearre teology yn Amsterdam en Grins. Syn earste gemeente as dominy wie de grifformearde tsjerke yn Twizel, letter gie er nei Nieuwdorp (Seelân) en hy kaam yn Fryslân werom yn 1979, doe’t er befêstige waard yn Bitgummole. Sûnt 1991 wenne er yn Ljouwert.

Hekstra liet him kenne as in striidber man, benammen foar it brûken fan it Frysk yn tsjerke, dêr’t er alle tiid foar ynsette. Fan 1981 oant 2015 wie er skriuwer fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE). Yn dy funksje hat er meibeskrept dat de protestantske foargongers en gemeenten yn Fryslân Frysktalich liturgysk materiaal ta harren foldwaan krigen, lykweardich oan de lanlike útjeften dy’t yn de earste rykstaal opsteld wiene. It is mei oan Hekstra te tankjen dat alle offisjele liete- en tsjinstboeken hjoed-de-dei yn geef Fryske oersetting te brûken binne.

Hekstra wie ek foarsitter fan it Ferbân fan Fryske Foargongers (FFF), ynearsten opset as in grifformearde feriening, mar geandewei in iepen organisaasje foar foargongers fan alle tsjerken. Yn dy funksje hat er derta bydroegen dat de dominys de Fryske taal better ûnder de knibbel krigen. Hy beoardere taalkursussen foar foargongers yn oparbeidzjen mei de Afûk. Yn eigen behear joech er De Helpende Hân út, liturgyske hantrekken foar foargongers.

Oant syn fiifensechtichste ta wie er gauris gastpredikant yn alderhande tsjerken yn Fryslân. Dêrnei saksearre dy frekwinsje wat. Oan de, faak ek striidbere, reaksjes te sjen dy’t er altemets ûnder berjochten en artikels skreau, wie er in trou lêzer fan It Nijs.

Ds. Hekstra wurdt moandei 20 febrewaris yn Huzum (Ljouwert) te hôf brocht nei de ôfskiedstsjinst yn de Oaze dy’t om 13.30 begjint.

febrewaris 15, 2017 08:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma febrewaris 15, 13:58

    It sil sa ‘n twintich jier lyn west hawwe.
    Wy hearden him yn ús tsjerke foar it earst.
    It tsjerkefolk hifke wat en wifke wat by syn bestiigjen fan de kânsel, sûnder ienich ‘optreden’ yn ferskining.
    Dêr kaam in asemleaze stilte foar werom.
    Doe ‘t er begûn mei in solosang.
    Moaier ha ik nea in dûmny of oarenien yn tsjerke sjongen heard!
    En dêr song net allinne syn stim, dêr song syn hert en leauwen. Alles lei der yn.
    Ûnferjitlik! Dizze Fryske bard op de kânsel.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*