Olympysk swimkampioen Hackett fermist

febrewaris 16, 2017 10:05

Grant Hackett yn better tiden (foto: Wikipedia/Sarah Ewart)

Trijefâldich olympysk swimkampioen Grant Hackett is tongersdei troch syn famylje as fermist opjûn. “Grant is betize en hat driuwend ferlet fan help”, fertelde syn heit Neville Hackett yn Australyske media. Efkes letter dûkte er wer op, mar oft it goed mei him giet is noch mar de fraach. Hackett hat al in skoft lêst fan mentale swierrichheden. Hy waard woansdei, in dei foar’t er ferdwûn, noch oppakt troch de plysje. Dy sei dat er him agressyf gedroegen hie foar famyljeleden oer. De 36-jierrige Australiër waard nei’t er in pear oeren fêstsitten hie frijlitten, mar sûnt hat net ien him mear sjoen.

“As ien him sjocht, skilje dan de parse, de plysje of de famylje Hackett. Grant, lit asjebleaft witte wêr’tst bist, wy hâlde fan dy en wolle dy helpe”, sei syn heit tongersdei. Hackett sette in pear oeren letter in foto op Instagram mei in skeind antlit. “Myn broer hat my yninoar slein. Elkenien wit dat it in agressive man is”, skreau er derby. Syn broer sei earder itselde oer him. “Grant is in gefaar foar himsels en foar de maatskippij”, sei Craig Hackett.

Goud
Hacket wûn op de Olympyske Spullen fan Sydney yn 2000 goud op de 1500 meter frije slach en de 4×200 meter frije slach. Fjouwer jier letter yn Athene wûn er op ’e nij de 1500 meter. Hy waard ek tsien kear wrâldkampioen op de langebaan en ferovere sân kear goud by wrâldkampioenskippen op de koartebaan. In pear moanne nei de Olympyske Spullen fan 2008 yn Peking, dêr’t er krekt neist it goud griep op de 1500 meter, sette er in punt efter syn karriêre. Yn 2015 begûn er wer mei wedstriidswimmen. Hy wûn brûns mei de estafetteploech op de 4×200 meter frije slach by it WK yn Kazan.

febrewaris 16, 2017 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*