Minder gaswinning yn Grinslân net te djoer

febrewaris 16, 2017 14:27

Nederlân kin it prima bestuiverje as der yn Grinslân minder gas út ’e grûn helle wurdt. Dat hat it sintraal planburo, it CPB, berekkene.

De gaswinning yn Grinslân soarget foar ierdskokken, dy’t de gebouwen yn it gebiet slim skansearje. De kwestje spilet al lang, mar hat benammen de ôfrûne pear moanne in soad omtinken krige troch grutte protestaksjes. Ferskate partijen oppenearje harren no as ferdigeners fan ’e troffen Grinslanners.

Net ien partij wol de gaswinning hielendal ôfskaffe, mar ferskate partijen stribje nei in fermindering. De SP en GrienLinks geane it fierste. Hja wolle dat der foar 1,7 miljard euro yn it jier minder gas út ’e grûn helle wurdt. De partijen wolle dat ûnder oaren betelje troch in hegere miljeubelesting. De SP wol dêrneist in hegere belesting foar bedriuwen. GrienLinks wol de fermogensbelesting ferheegje.

De PvdA wol jierliks 0,7 miljard euro minder oan gas winne. De ChristenUnie en D66 binne foarsichtiger: hja wolle 0,4 miljard euro minder oan it gas fertsjinje. De VVD, de SGP, VNL en de VP wolle de gaswinning gelyk hâlde. De PVV hat gjin útwurke finansjele plannen oan it CPB foarlein. De partij Denk wol just folle mear gas út ’e Grinslanner boaiem helje as no it gefal is. Dy partij pleitet wol foar skeafergoeding foar de troffen ynwenners fan it gebiet.

febrewaris 16, 2017 14:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*