In middei prate oer taalnoarm

febrewaris 25, 2017 15:18

Henk Wolf

In protte betochte taalregels binne ûnlearber. In soad leararen hawwe it learproses fan neitinken oer taal net ôfsletten. Yn taalnoarmdiskusjes wurdt faak gjin oerienstimming berikt trochdat de dielnimmers it ûnbewust oer ferskillende saken ha. Dat binne samar trije ynsjoggen dy’t ferkundige waarden op Goede redenen voor foute taal, in sympoasium oer taalnoarm dat juster yn Leien holden waard.

It ûnderskied tusken manlike, froulike en ûnsidige wurden sa’t dat oanjûn wurdt yn it Groene Boekje en Van Dale beskriuwt eins allinne ridlik goed de taalnoarm yn Flaanderen. Dêr – en miskien noch  yn it suden fan Nederlân – wurdt konsekwint sein: ‘De sneeuw, ze wordt opgeruimd’, mar mear nei  it noarden ta ha sprekkers gjin idee fan wurdgeslacht. Dat fertelde Jenny Audring fan de Universiteit Leien. Sy hat wiidweidich ûndersyk dien nei it gebrûk fan wurdgeslacht by sprekkers fan it Nederlânsk yn ’e Rânestêd. Dêr wurdt yn it praten, mar ek yn it skriuwen, yn ’e praktyk in heel oar systeem brûkt. Dat hat him spontaan foarme en in grutte mearderheid fan ’e sprekkers hâldt him deroan.

It echte wurdgeslacht yn it Nederlânsk

Yn dat nije systeem wurde ‘zij’ en ‘haar’ brûkt foar froulike minsken en soms foar froulike húsbisten. ‘Hij’ en ‘hem’ wurde brûkt foar manlju, bisten en dingen. ‘Het’ wurdt brûkt foar stoffen. Sa sizze minsken oer in ‘lepel’ (manlik), in ‘vork’ (froulik of manlik) en in ‘mes’ (ûnsidich) alle trije: ‘Hij ligt in de la’ en fan ‘kleding’ (froulik): ‘Het hangt in de kast’. Jonge sprekkers fine sels it noarmatyf korrekte (en foar my gewoane) ‘Het boek, ik heb het al uit!’ nuver, se brûke dan altyd hem. Oft dat systeem ek yn Noard- en East-Nederlân yn gebrûk is, is trouwens net ûndersocht. Wol is dúdlik dat it systeem ek op papier brûkt wurdt, sels yn formele situaasjes. Allinne in groep minsken dy’t beropsmjittich in soad skriuwe en dy’t de ûndersykster Native speakers of written Dutch neamde, rjochtet him noch nei it systeem fan Groene Boekje en Van Dale.

Foar minsken yn Nederlân is dat systeem neffens de ûndersykster net te learen, omdat manlike en froulike wurden yn it Standertnederlânsk en de noardlike dialekten net te ûnderskieden binne. Yn súdlike dialekten is dat oars, dêr ha manlike en froulike wurden ferskillende lidwurden, wat makket dat bern dy’t tusken dy dialekten opgroeie in gefoel foar wurdgeslacht ûntwikkelje. Dreech om te learen is ek de tiidwurdstavering, sa fertelde Dominiek Sandra fan de Universiteit Antwerpen. Hy liet sjen dat sels profesjonele taalbrûkers saneamde d/t-flaters meitsje. Benammen ûnder tiidsdruk falle minsken werom op in wurdbyldstavering. Se skriuwe dan de foarm op dy’t it measte foarkomt. Dan ûntsteane skriuwwizen lykas ‘dat ik morgen veertig wordt’ en ‘hoe ze de leerlingen begeleid’. Wat Sandra beskriuwt is ek myn foarnaamste beswier tsjin de staveringswiziging yn it Frysk. Wylst ûnderfining mei lêzen en skriuwen in wurdbyld foarme hat, moatte minsken foar de kar tusken û en oe no wat dwaan dêr’t se fan natuere net goed yn binne: neitinke oer in systeem achter hoe’t se skriuwe.

Hun lopen

Helen de Hoop fan de Radbouduniversiteit hie it oer it gebrûk fan it foarnamwurd hun. As dat yn it Nederlânsk as ûnderwerp brûkt wurdt (‘hun hebben dat gedaan’), hellet it faak in protte kommentaar út. Tagelyk ha in soad Nederlânsktaligen dy’t argewaasje ha fan sok gebrûk gjin weet fan de noarm fan de Taalunie en de measte learboeken. Dy skriuwt foar dat jo zij als ûnderwerp brûke (‘zij hebben dat gedaan’), hen nei in ferhâldingswurd (‘dat is voor hen’) en as saaklik foarwerp (‘ik zie hen’) en hun as persoanlik foarwerp (‘ik ontneem hun de mogelijkheid’). Yn al dy gefallen mei it ûnbeklamme ze ek brûkt wurde. Undersyk lit sjen dat grutte groepen Nederlanners dêr flaters mei meitsje. Vwo-learlingen dogge it sels wat minder as vmbo- en havo-learlingen, mei’t se faak hyperkorreksje tapasse. Ien op ’e fjouwer Nederlanners kart troch sa’n hyperkorreksje de korrekte sin ‘Hij gaf hun een boek’ ôf.

Frou De Hoop seit dat de regel te fier fan ’e praktyk ôf stiet en der boppedat gjin rekken mei hâldt dat hun in handich wurd is, omdat it konsekwint brûkt wurdt foar minsken. ‘Hun hangen aan de kapstok’ binne noait jassen, mar altyd minsken. It ûntstean fan in apart foarnamwurd foar minsken is itselde as wat neffens it ûndersyk fan Jenny Audring mei ‘hij’ en ‘zij’ bart. Yn de Skandinavyske talen wurket it ek sa. Yn ’e diskusje achterôf neamde Helen de Hoop it strange ôfwizen fan de memmetaal fan minsken ‘discriminatie’ en pleite se foar minder druk op it learen fan regeltsjes dy’t frjemd binne oan de taalmienskip. Dat se dat histoarysk ek binne liet se sjen. It gebrûk fan hen en hun is yn de 17e ieu betocht troch Christiaen van Heule, nei Latynsk foarbyld. It wie doe al ûnlearber en is yn ’e rin fan ’e tiid stadichoan feroare yn in like keunstmjittich systeem, dat noch altyd ûnlearber blykt te wêzen foar in grut part fan ’e Nederlânsktaligen.

Misferstannen yn noarmdiskusjes

Peter-Arno Coppen, ek fan ’e Radbouduniversiteit, liet sjen hoe’t it komt dat diskusjes oer taalnoarm faak op ’e non rinne. Minsken ûntliene har noarmen foar ‘goed’ en ‘ferkeard’ taalgebrûk oan trije ferskillede saken: in autoriteit (bygelyks in learboek of in wurdboek), it eigen taalgefoel en it taalgebrûk fan oaren. Dy trije binne gauris stridich mei-inoar. As ien yn in diskusje in taalfoarm (lykas ‘hun lopen’) ôfwiist mei in learboek yn ’e hân, stiet er meast net iepen foar arguminten lykas ‘mar dat sis ik altyd’ of ‘dat seit elkenien’. Boppedat ha minsken ferskillende ideeën oer wat it swierste wage moat.

Coppen sette it tinken oer taalnoarm ek yn ’e tiid. Minsken dy’t foar it earst fernimme dat der taalregels binne, folgje earst meastal it taalgefoel en in autoriteit. Se tinke net nei oer taal, mar nimme oan dat wat se fiele of wat har ferteld wurdt, goed is. Der ûntstiet dan lykwols ûnwissichheid, mei’t taalgefoel en regels soms botse en mei’t de learaar ek net alles wit. Dan komme se yn in folgjende faze, dy fan kwasy-refleksyf tinken. It idee ûntstiet dan dat der wol in goede en foute taal besteane, mar dat dy net fuortendaliks tagonklik binne en dat wat goed is opsocht of beredenearre wurde kin. De measte leararen, sa sei Coppen, sitte yn dy faze. Op in stuit kin it ynsjoch ûnstean dat taal no ienris altyd in soad ferskaat hat en dat der heel faak gjin algemien brûkber ‘goed’ en ‘fout’ yn taal besteane. Dat men soms twivelet oft in foarm wol of net troch de mesken bin, wurdt yn dy faze as feit akseptearre. Diskusjes rinne ek faak op ’e non as de dielnimmers net yn deselde ûntwikkelingsfaze sitte. In learaar kin in learling fertelle dat ‘hun lopen’ net mei en de learling tinkt dan: mar dat sis ik doch altyd, hoesa is dat fout? En in taalkundige kin tsjin in learaar sizze dat ‘ik zie hun’ better oanslút by it deistich taalgebrûk as ‘ik zie hen’, mar de learaar sil dan net harkje wolle en lulk mei in learboek swaaie. Coppen frege de oanwêzigen wa’t troch de praatsjes in oare fisy op taalnoarm krigen hie. Ta myn ferwûndering gongen der wol in stik of tweintich hannen omheech, op in publyk fan – no – sa’n 150 minsken, ûnder wa’t in soad leararen wienen.

Yn de paneldiskusje nei ôfrin waard dúdlik dat hast net ien wiis wie mei in strakke taalnoarm: de taalkundigen net, mar de Taalunie ek net en de oanwêzige leararen ek net. Dy lêsten fielden it wol as in plicht om bern in taal oan te learen dy’t makke dat se yn ’e maatskippij serieus naam waarden, mar se hienen net folle op mei dy noarm.

Henk Wolf

febrewaris 25, 2017 15:18
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Willem Riemersma febrewaris 26, 21:02

    As skoalmaster wat jierren oangiet ‘op leeftiid’ soe ik mei wat nijmoadrichheid sizze wolle: lit bern en ek jongelju foaral boartsje, heinebalje en gûchelje mei taal, en ek taalskôgje, oer skiednis en ûntjouwing fan taal. By ús it Frysk as memmetaal fan noch altiten in mearderheid yn Fryslân.
    Sok omgean mei taal befoarderet kreatyf tinken en skriuwen. en ynsichten yn funksjes fan taal.Dan folget de regel de praktyk en wurdt de praktyk net it ynstampen fan en hammerjen op de regel.
    En wurdt koart kriemd taal neffens my dan earst taal, al it oare is taalwittenskip. Net foar elkenien te rissen en net foar elkenien nijsgjirrich. En wis foar bern en jongelju net. Al bin ik der sljucht nei, om mear fan taal te witten, yn skiednis en ûntwikkeling.

  2. A.Kramer maart 5, 11:35

    Eartiids libbe der wat by de folken, wêrtroch se tochten dat ek libbenleaze dingen in siel hawwe en dêrtroch ek man of frou wienen. Dêrtroch binnen wurdgeslachten ûntstien. No libbet dat net mear en men hat glin gefoel mear foar geslachten by dingen.
    Ik hie bern wolris frege of se de sinne in mantsje of in froutsje fûnen te wêze. Ik hie yn it foar sein dat de moanne in froutsje wie. Der kamen ferskate antwurden. Men tocht dat de sinne fanwege krêft in mantsje wie, mar oare tochten krekt dat sy in froutsje wie fanwege in freonlik gesicht. Ik hie ek sein dat de Frânsken en Dútsers it deroer ûniens wiene, mar nea oer dat in oarloch begûnen. Ek hie ik sein dat yn eardere tiiden de Romeinen en Germanen it der net iens oer wiene.
    Yn ‘e Romaanske talen is de sinne manlik, Yn it Dútsk (en Nederlânsk,foar safier dêr noch gefoel foar wurdgeslacht bestiet) froulik. Yn ‘e oare Gemaanske talen is alle gefoel foar manlikheid en froulikheid by dingen ferdwûn.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*