Kliberoantaastings Frankfurt optochte stoarje

febrewaris 16, 2017 14:40

Foar it neist hawwe der nea gjin kliberoantaastings en fernielings west by de jierwiksel yn it Dútske Frankfurt. Gâns media berjochten dêroer. De dieders soene benammen Arabyske flechtlingen west hawwe. Mei’t der yn 2015 slimme reboelje wie yn Frankfurt en mei’t der in jier earder slimme oantaastings fan froulju yn ferskate Dútske stêden wiene, doeken de media boppe op it ferhaal.

De stoarje kaam fan in man en in frou. De frou soe slachtoffer fan seksueel geweld wurden wêze, de man ferhelle fan fernielings yn it restaurant dêr’t er wurke. De plysje hat de saak ûndersocht en hat buorkundich makke dat de frou mei Ald & Nij net ienris yn Frankfurt wie. De stoarje is neffens de plysje folslein optocht. In plysjewurdfierder seit tsjin ‘e Frankfurter Rundschau: “Troch petearen mei tsjûgen, gasten en meiwurkers fan it restaurant waarden wy al tige erchtinkend. Us konklúzje is dat flechtlingen har mei de jierwiksel hielendal net bekweadige hawwe oan misbrûk. De fertinkings slagge nearne op.”

febrewaris 16, 2017 14:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*