Jild oer?

febrewaris 16, 2017 14:12


troch Jabik van der Bij

 

Hjoed kaam Omrop Fryslân mei it berjocht dat provinsje Fryslân in kursus foar motorriders subsidiearret. Jimme witte wol, dat folk yn lear mei grutte helms op ’e kop, dy’t je mei barstend geweld ynhelje op plakken dêr’t men besiket him oan de faasjebeheining te hâlden. Wa’t sa’n byspikerkursus folgje wol, betellet € 50 yn stee fan € 250. De Provinsje betellet dus tachtich persint. Is dy kursus ek foar leden fan de beruchte motorklups lykas Hells Angels? De man dy’t syn jild mei de kursus fertsjinnet beweart dat de kursus in grut effekt hat op it hâlden en dragen fan de motorriders. As dat sa is, dan hawwe der noch net folle fan dy lawaaimakkers op kursus west. Men skrikt jin somtiden in ûngelok as sa’n twatsjiller as in strieljager mei neiferbrâner jin foarby sjit. Ik moat efkes nuansearje: net alle motorriders hâlde en drage har fansels as healwizelingen dy’t it yn ’e plasse slein is. Ik kin my ek bêst yntinke dat it riden by’t simmer mei de wyn om je hinne in gefoel fan frijheid jout. Dat haw ik ek asd ik op myn skûterke ryd. Mar it soe net nedich wêze moatte om in ekstra kursus te jaan oan lju dy’t har rydbewiis al helle hawwe. As se har normaal hâlde en drage en har oan de ferkearsregels hâlde, is sa’n kursus oerstallich.

As immen dan dochs ferlet fielt om him/har byskoalje te litten, wêrom moat de Provinsje dat dan foar it grutste part betelje? Hat dy miskien jild oer? Dan liket it my ta dat der wol bettere bestimmingen binne. Der rinne in hiele protte ZZP’ers om dy’t fan har hongerleantsje net by steat binne om har fatsoenlik te fersekerjen foar tiden dat se net wurkje kinne. Begnibje net mear op projekten dy’t it brûken fan it Frysk fersterkje. Stek jild yn in Frysktalich papieren of digitaal wykblêd. Stypje doarpskorpsen en swimbaden dy’t de holle amper boppe wetter hâlde kinne. Sa is der noch in hiele rige saken te betinken dêr’t it jild gâns mear nut dwaan soe as op in kursus foar motorriders. Litte dy harren eigen leafhawwerij mar betelje. Ien dy’t in djoere motor ûnder de kont hawwe kin, sil sa’n kursus ek wol betelje kinne.

febrewaris 16, 2017 14:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma febrewaris 16, 23:32

    Yndie, je moatte nuansearje.
    Mar as der dan dochs jild oer is, dan ha’k ek noch in listke. Mei ien bea boppeoan.
    Ha’k by gelegenheid fan in gearkomste ek ynformeel foarlein oan mefr. Corlienke de Jong, FNP-fraksjefoarsitter yn de Steaten: oft de útwikselings fan skoallebern fan 3-talige skoallen, bg. mei twatalige basisskoallen yn Kasjûbje yn Poalen sa ‘t dy der wat langer lyn ûnder lieding fan it Taalsintrum Frysk fan it Cedin wienen, ek subsydzjes foar reis- en ferbliuwkosten krije koenen. Sels mefr. Jannewietske de Vries koe dêr yndertiid by alle begryp neat foar ús yn betsjutte.
    As jild dan dochs yn reek op gean moat, dan graach oan brânje foar auto’s mei âlders mei bern 1100 km fan hûs.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*