Heechoplate Marokkanen ferlitte de Benelúks

febrewaris 17, 2017 13:23

In protte minsken mei woartels yn Marokko hawwe konkrete plannen om de Benelúks te ferlitten. Hja wolle werom nei har bertelân of it lân fan harren âlden of dy har âlden. Dat hat it Marokkaanske útstjoerburo Ino Resources buorkundich makke.

It buro hat yn 2015 fyftich ynwenners fan Flaanderen oan in baan yn Marokko holpen. Foar twahûndert oaren wurdt noch bemiddele. Marokkanen yn Nederlân soenen it útstjoerburo ek manmachtich frege hawwe om in baan yn Marokko te sykjen.

Wurdfierster Latifa Azzouzi fan Ino Resources seit: “Guons wolle ûnderfining yn it bûtenlân opdwaan, mar wy sjogge ek hieltiten mear sollisitanten dy’t fertelle dat se har yn Nederlân en België net mear thús fiele of dat har godstsjinst yn ’e knipe komt.”

Neffens Ino Resources giet it benammen om Marokkanen mei in hege oplieding dy’t út ’e Benelúks wei wolle. Gauris wolle se nei Marokko ta, mar se binne mobyl en sykje ek faak in baan yn oare lannen, lykas de Feriene Steaten.

febrewaris 17, 2017 13:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jabik Jans febrewaris 17, 16:05

    Grutâlden en lytsbern !!!!!! begjint It Nijs nou ek al mei dy kluchten

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*