Fryslân moat kieze: deade Friezen of deade Hollanners

febrewaris 16, 2017 13:59

In protte minsken út ’e Rânestêd wolle nei Fryslân ta ferhúzje. As se ienris dea binne, wol te ferstean. It begraafplak yn Mirns is al lang in populêr plakje foar deaden fan oarekant de Iselmar. It natoerbegraafplak by Sondel hat no al safolle oanfragen út ’e Rânestêd wei, dat de Ljouwerter Krante skriuwt dat der rekken mei holden wurde moat dat “Hollanders de natuurbegraafplaats bij Sondel dreigen over te nemen”. Der soe dan te min plak oerbliuwe foar deaden út ’e streek sels.

De gemeente De Fryske Marren, dêr’t Sondel yn leit, kin yn sa’n gefal in “begraafstop” foar Hollanners ynfiere, sa waard dúdlik yn de gemeenteriedsgearkomste fan woansdeitejûn. De ChristenUnie hie de kwestje fan it “begraaftoerisme” op ’e wurklist set.

febrewaris 16, 2017 13:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*