Fryske artysten tige ynnommen mei Radio Frysk FM

febrewaris 16, 2017 11:41

Sûnt moandei 13 febrewaris stjoert Frysk FM yn hiel Fryslân út. De radiostjoerder bringt in griemmank fan Fryske en Ingelske suksesnûmers, fan hjoed-de-dei likegoed as út it ferline. De harkers wurde ek op ’e hichte brocht fan nijs, waar en ferkear. De kommentaarstim is fan Syb van der Ploeg.

Anneke Douma is bliid dat Frysk FM der is, want dan komme de Fryske artysten ek oan bar. Piter Wilkens: “Hjir, yn ús provinsje mear artysten út eigen regio en mear Frysktalige muzyk op de radio? Dat is fansels. Frysk FM docht it!” Gryt Wiersma oer it behâld fan Fryske muzyk: “Us Fryske lietsjes geane wier nea ferlern… Dêrom binne wy tige bliid mei Frysk FM. Fryske ferskes foar jong en âld… en foar de Fryske taal is it in behâld!”

Neffens direkteur Nico Silvius foarsjocht it stasjon yn in ferlet: “Wy fernamen by Waterstad FM dat der in soad om Fryske muzyk frege wurdt. Mei Frysk FM besykje wy dêr mei in trochrinnend muzykoanbod yn te foarsjen.”

Frysk FM is in regionale kommersjele radiostjoerder, dy’t út Ljouwert wei útstjoert op 101.8 FM en út It Hearrenfean wei op 97.3 FM. De stjoerder is ek te hearren fia DAB+ en syn eigen livestream op www.frysk.fm.

 

febrewaris 16, 2017 11:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes febrewaris 17, 13:40

    Dit siet er oan te kommen. As ús eigen Fryske Omrop it net útstjoerd kommer er oaren dy it dogge. De FO is stadichoan in Ljouwerter stjoerder mei hieltiten mear Hollanske praters. Hjoed mei krûmpraters as foarlêzers. Mear harkers, dy’t dit maklike praat maklik belùsterje kinne. Dat is maklik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*