Is it Frysk âlder as it Nederlânsk? (fideo)

febrewaris 15, 2017 01:26 Fernijd

Resint ferskynd

Yn dizze fyfde ôflevering fan de rige Academia Franekerensis jout Henk Wolf in antwurd op in fraach dy’t him faak steld wurdt, nammentlik hokker taal oft no âlder is: it Frysk of it Nederlânsk.

De earste fjouwer ôfleveringen fan de searje wienen in grut sukses. De fideo fan Gerbrich de Jong oer Fryske oansprekfoarmen is it faakst besjoen. De side is yn trije wiken tiid hast achthûndert kear oproppen. De earste lichting fideo’s is no pleatst en de rige wurdt tydlik ûnderbrutsen. Oer in pear wike giet er fierder mei nije Frysktalige publykslêzingen.

febrewaris 15, 2017 01:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Hidde febrewaris 16, 12:31

    Neffers my is it Frysk gjin West Germaanske taal, mar in Noard Germaansk taal. As Nederlanners ús praten hearre Tinke se dat wy út Skandinavië komme. In Grins foel it Frysk ûnder de Noard Germaanske

  2. Henk Wolf febrewaris 16, 15:24

    Noard-Germaanske talen binne talen dy’t ôfstamje fan it Ald-Noarsk. Der is gjin oanwizing foar dat dat by it Frysk it gefal is. Dat Ald-Noarsk ûnderskiedt him fan ‘e oare Germaanske talen troch in rige klankferoaringen, lykas it fuortfallen fan de [j] en [w] (‘jier/jaar/Jahr’ neist ‘år’, ‘wolf’ neist ‘ulv’) oan it begjin fan wurden en it opdûken fan in [j] yn bygelyks ‘jag, jeg’ (‘ik/ich’).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*