Fergees De Correspondent lêze

febrewaris 16, 2017 13:49

As jo warber binne op ‘e sosjale media, lykas Facebook of Twitter, dan krije jo grif gauris in stik te lêzen fan it ynternettydskrift De Correspondent, dat sûnder reklame sjoernalistike bydragen en opinystikken befettet. De measte fan dy stikken binne allinne foar leden te lêzen.

De organisaasje School of Mavericks jout elkenien dy’t niget oan it blêd hat de gelegenheid en lês it in moanne lang fergees. Men kin dan ek alle âlde stikken yn it webargyf lêze. School of Mavericks is in organisaasje dy’t minsken byinoar bringt dy’t fernijende ideeën hawwe.

Klik hjir om it webstee fan School of Mavericks te besjen.
Klik hjir om in moanne lang fergees De Correspondent te lêzen. Fier op it webstee de koade maverick17 yn.

febrewaris 16, 2017 13:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 febrewaris 16, 23:10

    Dat is dochs soks as De Speld, net?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*