Feie Fonyk oer webjunkies

febrewaris 16, 2017 13:53

 

 

Ut ûndersyk docht bliken dat rotten tige gefoelich foar ferslaving binne. Lykas minsken. It sil ek jilde foar oare sûchdieren, mar dêr is by myn witten gjin ûndersyk nei dien. Der binne in lytse fiifhûnderttûzen minsken ferslaafd oan alkohol. It tal ferslaafden oan smoken is folle grutter. It blykt dat je folle earder oan smoken ferslaafd reitsje as dat je in sûplap wurde. Fansels binne der mear ferslavingen lykas gokken, kannabis en medisinen. It tal ferslaafden oan noch oare middels is nei ferhâlding lyts. Neffens de Jellinekklinyk binne der bygelyks mar 420 oan de XTC; dêrfan binne 105 yn behanneling.

Manfred Spitzer is in Dútske psychiater en neurowitterskipper yn Ulm. Hy hat in telefyzjeprogramma Geist und Gehirn en hy skriuwt al jierren – yn mear as tweintich boeken – oer it funksjonearjen fan de harsens. Spitzer skreau ferline jier Digitale Demenz. Wie wir uns und unsere Kinder um den Verstand bringen. It is der ûnderwilens ek yn it Nederlânsk mei as titel Digiziek. Ut de begeliedende tekst:

De digitalisering van ons dagelijks leven blijft onstuitbaar voortgaan – en dat heeft funeste gevolgen voor onze gezondheid. Manfred Spitzer waarschuwt ons voor wat er kan gebeuren wanneer we de digitale media ons leven laten overheersen, maar laat ook zien hoe we ons zelf kunnen beschermen.

Bern mei fjouwerkante eagen

Spitzer is fan betinken dat tablets, smartphones en laptops te folle tiid nimme fan ús gewoane libben en dat is neidielich foar eltsenien, mar benammen foar bern en jongerein. Ik bin it dêr folslein mei iens. Neffens my soe it libben fan bern sa folle mooglik bûtendoar wêze moatte en as it heal kin yn de natuer. In tal jierren lyn lies ik mei grutte ynstimming fan Richard Louv Last Child in the woods. Saving our children from nature deficit disorder.

Mar Louv en Spitzer binne net de iennigen dy’t warskôgje tsjin it bankhingjen en de skermferslaving. Sa wurdt der bygelyks yn de Feriene Steaten al praat oer webjunkies. Maurice de Hond mei syn Ipad- of Steve Jobsskoalle sil it der net mei iens wêze. Goed om te witten dat Steve Jobs syn eigen bern sa fier mooglik by de kompjûter wei hold. Ik bin benijd hoe lang oft it noch duorret foardat de bern fan de Ipadskoalle yn Snits fjouwerkante eagen krije.

 

febrewaris 16, 2017 13:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*