Feie Fonyk oer Moade yn management: de coach

febrewaris 9, 2017 07:30

 

 

Ik kin der neat oan dwaan, mar by in coach tink ik oan it wylde westen, lange ritten troch de prairy, jûns de coaches yn in sirkel, do witst it nea, wy seagen in reekplom yn de fierte. Ik tink oan Dances with wolves, Arendsoog, Django Unchained, True Grit, High Noon, Winnetou (te laat, te laat sprak Winnetou, het zaad is al naar binnen toe), bizons en in pylk en bôge.

Ik tink oan fuotbaljen, it yntraapjen fan iepen doarren, ik tink oan neatsizzend praat, ûnmisbere tips lykas fan Johan Cruyff silliger: “Als je niet schiet, kun je niet scoren”, “Speel nooit een uitwedstrijd” en “de bal is rond”. It is in frjemde boel mei de minslike geast. Selsbetrouwen, trochsettingsfermogen en leauwe yn it slagjen fan in ûndernimming binne ûnmisbere betingsten foar in goede ôfrin. Yn de sport begjint it mei talint, mar sûnder in goede hâlding soene fytsers nea oan de Tour de France begjinne.

Op nei de selsferlossing

Mar coaching giet fierder. Sjoch yn de spegel en wês ûntefreden. Coaching giet ek oer it oan it ljocht bringen fan talinten dêr’tst dy sels net bewust fan bist. Wat wolst mei dyn libben. Wat wolst berikke yn dyn berop. Kinst de kleau oerbrêgje tusken watst bist en watst wêze kinst. Op nei de selsferlossing. Wa soe yn ‘the struggle for life’ net wat gruts berikke wolle, útstige boppe himsels en ôfstân nimme fan in midsmjittich bestean. Der falt wol wat op ôf te tingjen.

Ea lies ik yn in tydskrift oer de tiranny fan it ideale sels. Wat te dwaan wannear’t it ‘coachingstrajekt’ neat opsmyt. Net eltse ûle is by steat om in falk te wurden. In skoft lyn krigen wy in struibrief troch de doar mei de tekst “Ik wil persoonlijke aandacht. Daarom kies ik elektrokabel als energiecoach.” Fuort en daliks haw ik myn eigen coach om ried frege, want de bêste coach is fansels in ferstannige en wize partner. Dat waard wiermakke doe’t se sei: “Neffens my komt takommende saterdei de âldpapiercoach troch de strjitte.”

 

febrewaris 9, 2017 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*