Feie Fonyk: folk en dom praat

febrewaris 2, 2017 14:08

 

 

Thierry Baudet. Foto: Wikipedia

Noch in wike of seis, dan is it safier. Dan kinne wy stimme op Jan Roos, Thierry Baudet of ien fan dy oare healwizen dy’t tinke dat se mei in grut tal sitten yn de Twadde Keamer komme. Ik hearde Baudet fan Forum voor democratie koartlyn sizzen dat er tinkt fan tsien oant tolve fertsjinwurdigers. Neffens dy nije stjer oan it politike firmamint “moat der harke wurde nei it folk”. Ommers “it folk” wie tsjin it assosjaasjesferdrach mei de Oekraïne en Rutte lûkt him der neat fan oan. Dom praat fansels. De measte minsken bleauwen thús. Dy wiene it dermei iens of it koe har neat skele. Uteinlik stimde in lytse tweintich persint tsjin en dat is dan neffens Baudet, Roos en konsorten it folk.

Lit dit dúdlik wêze: it folk bestiet net en dêrom kinne en moatte je der ek net nei harkje. Ja, útsein as je by de efterdoar komme en roppe: “Is der folk yn?” of noch koarter: “Folk!”. Wy hawwe tal fan gearstallingen mei it wurd folk: folksaard, folkskeunst, it folksliet, folksdûns, folkshegeskoalle, folkssûnens, folkstúntsje, folksman en it hat ferskillende betsjuttingen: “It wie der swart fan folk (der wiene in heap minsken). De nije dominy lûkt wol aardich folk (harkers, tsjerkegongers). Kinst moarn net komme, want wy krije folk (gasten). Tsjomme woe graach nei de seefeartskoalle, mar syn folk (âlden) like it nei fleanen.” Ik helje dy foarbylden út Op ’t aljemint, in samling taaleigen gearswile troch J.K. Dijkstra, in Fryske-Akademyútjefte fan 1978.

Doe’t Maxima yn septimber 2007 sei dat de Nederlânske identiteit net bestiet, krige se in soad krityk. Mar se hie en hat gelyk. Likemin bestiet it Nederlânske of it Fryske folk. Of je moatte dat bedoele yn in hiel algemiene betsjutting. As it folk bestean soe, dêr’t nei harke wurde moat, dan soene je tinke dat wy mei ien politike partij wol takinne, lykas earder yn de Sovjet-Uny of no yn Noard-Korea. Dêr harkje se nei it folk en wat it folk wol, wurdt útlein troch de partij en elkenien klapt yn ’e hannen. Folk docht my te folle tinken oan Volk en Vaderland of oan de Völkischer Beobachter en mei folkslieten haw ik ek net safolle. Net mei dat ûnbegryplike Wilhelmus mei dy tekst oer Dútslân en Spanje en ek net – it muoit my dat ik it sizze moat – ek net mei dat Fryske bloed dat brûze en siede moat.

Der binne te folle en te grutte belangetsjinstellingen om te praten oer it folk en it is oan de polityk om dêr foar sa fier mooglik yn wysheid en mei ferstân mei om te gean. Ik hoopje dus dat dizze lju gjin poat oan de grûn krije.

 

febrewaris 2, 2017 14:08
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. mbc84 febrewaris 2, 15:04

    Ach ja, bagatellisearje it mar. It Nederlânske folk bestiet en it Frysk folk ek. Wen dêr mar oan. Dat de-wrâld-is-fan-eltsenien-tinken wurket net. Krekt mienskiplikheden meitsje in hechte mienskip. In multykulturele sadwaande perfoarst net (sjoch Libanon bygelyks).

  2. Cor Jousma febrewaris 3, 10:40

    Jo soene deroan taheakje kinne, dat Wilders sels net iens nei it Folk harket dat er by him yn syn fraksje kieze litten hat. Wy hawwe al jierren gjin 150 Folksfertsjintwurdigers mear. Wy hawwe keamerleden en in partij mei klapfolk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*