Dick Bruna ferstoarn

febrewaris 17, 2017 16:22

Nijntje oan see, yn it Latyn útjûn troch de Fryske útjouwerij Bornmeer.

Tekender Dick Bruna is fannacht ferstoarn. De makker fan Nijntje is 89 jier âld wurden.

It earste Nijntje-boek ferskynde yn 1955. Bruna hat mei-inoar 124 boekjes oer de lytse knyn makke. Dy binne yn in soad talen oerset, wêrûnder it Frysk. Oar bekend wurk fan Dick Bruna binne de omslagge fan de pocketboekrige Zwarte beertjes, dêr’t ûnder oaren it wurk fan ‘e Fryske detectiveskriuwer Havank yn útjûn is.

Bruna is yn syn hûs yn Utert yn ‘e sliep ferstoarn. Hy wie hast oan it lêst ta noch warber as tekender.

febrewaris 17, 2017 16:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*