Amerikaanske senaat sit Trump dwers

febrewaris 16, 2017 14:12

De senaat, ien fan ’e twa keamers fan it Amerikaanske parlemint, hat in gadingmakker foar in ministerspost ôfwiisd. Andrew Puzder wie troch Trump foardroegen as minister fan wurkgelegenheid.

Puzder is eigner fan in grut tal hamburgerrestaurants. Hy leit by in soad politisy op in minne namme: linkse Amerikanen fine him in typyske útrûpeler fan syn wurknimmers, rjochtse Amerikanen hawwe der argewaasje fan dat er foarstanner is fan ymmigraasje fan Meksikanen, dy’t in grut part fan it personiel fan syn restaurants foarmje. De eks-frou fan Puzder hat yn 1990 boppedat op ’e televyzje sein dat har man har sloech. Dat hat hja letter weromnommen, mar de útspraak wurdt Puzder noch altyd neidroegen.

Der hat gjin formele stimming west oer de beneaming fan Puzder, mar de antyhâlding yn ’e Senaat wie sa dúdlik dat Puzder syn kandidatuer ynlutsen hat. Ferline wike wie it ek al wikkerdewik: minister fan ûnderwiis Betsy de Vos krige doe de minimale mearderheid dy’t nedich wie foar in beneaming. Trump is nammers net de earste presidint oan wa’t soks oerkomt. Syn foargonger Barack Obama woe yn 2009 Tom Daschle beneame as minister fan folkssûnens, mar dy ûnderfûn safolle wjerstân by it parlemint om’t er yn it nijs kommen wie om belestingfraude, dat er him ek weromlûke moast.

febrewaris 16, 2017 14:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*