Mieningen en feiten

jannewaris 17, 2017 15:32


troch Jabik van der Bij

 

Dat hep op feesboek gestaan.”

In protte minsken sille it filmke op YouTube wol sjoen hawwe. In frou wurdt op strjitte ûnderfrege oer wat se fan de migraasje fynt. Se seit dat se der poer op tsjin is dat al dy frjemdlingen talitten wurde, want, seit se, dy pikke alle banen yn. Har pleechsoan komt mar net oan ’e bak en dy flechtlingen hawwe nei fjouwer moanne al wurk. Dat is dochs net earlik? Op de fraach fan it frommiske mei de mikrofoan hoe’t se dat wit, seit de frou: “Dat hep op feesboek gestaan.” Dat elkenien fan alles op facebook sette kin en dat it dan faker om mieningen giet as op ûnderboude feiten is foar de frou net belangryk.

Dy mieningen berêste faak op gefoelens dy’t der by minsken libje. Foar harren binne dy gefoelens feiten. Dêr moatte wy it in oare kear mar ris oer hawwe. It giet der my hjir om dat it miskien wolris foarkommen is dat in eardere flechtling hiel gau wurk fûn hat, mar dat seit neat oer alle oare tûzenen dy’t miskien likefolle of noch folle mear muoite hawwe om wurk te finen as de pleechsoan fan de frou. Op grûn fan in inkeld foarkommend gefal wurdt in algemiene útspraak dien oer in hiele groep. Mochten de yn it foarbyld bedoelde flechtlingen ál foarlutsen wêze, dan wol dat noch net sizze dat alle flechtlingen foarlutsen wurde.

Datselde ferskynsel docht him foar by it ivichduorjende debat oer de yntegraasje. Der wurdt no troch in protte politisy roppen dat de yntegraasje mislearre is. Dat heart in groep kiezers graach, mar is dat wol sa en oan ’e hân fan hokker feiten kinne se dat sizze? Of binne it allinne mar mieningen? Dat begryp yntegraasje op himsels wiist nei in tige komplekse saak. In alles omfiemjende en befredigjende definysje is der eins net. Wol is it mooglik om in tal kearnpunten te beneamen sûnder te pretindearjen folslein te wêzen. It CBS sammelet sifers oer in hiel protte saken. It giet dan oer mieningen dy’t by de befolking libje en om feiten lykas hoefolle auto’s fan ien of oar merk yn in beskate tiid ferkocht wurde. Koartlyn hat in gastanalist, Robin Fransman, op grûn fan sifers fan it CBS neigien hoe’t it derfoar stiet mei de yntegraasje. Hy hat dat dien foar de gebieten wurk, ynkommen, oplieding, kriminaliteit, etyk, frouljusemansipaasje, homoseksualiteit en religy. Fan al dy gebieten binne sifers sammele.

As foarbyld fan Fransman syn analyze nim ik de kriminaliteit. Fransman wiist derop dat kriminaliteit yn haadsaak in manljussaak is. Dat seit dus neat oer de yntegraasje fan froulju. Op de tûzen Marokkanen binne 170 manlju fertocht fan kriminaliteit, by froulju fyftich. De helte fan dy 170 manlju is 25 oant 45 jier. Oer alle tsientûzen persoanen fan net-westerske komôf waarden trijehûndert minsken fertocht fan in misdriuw yn 2013. Dat seit neat oer de oare 9700. Men kin dy lêsten min de misstappen – om my misdieden – fan dy trijehûndert oanrekkenje. It is in feit dat der ûnder Marokkaansk jongfolk mear kriminaliteit foarkomt as ûnder de autochtoane jongerein, mar kin men op grûn fan dy sifers sizze dat de yntegraasje misleare is? Dat is in foarm fan generalisearjen dy’t in hiele befolkingsgroep as fertochten oan ’e kant reaget.

Op dy wize giet Fransman op grûn fan de beskikbere sifers yn de bestannen fan it CBS nei hoe’t it der op de ûnderskate mêden foarstiet mei minsken mei in net-westerske eftergrûn, om it wurd allochtoanen mar net te brûken. Oan de ein lûkt er de konklúzje dat it yntegraasjeproses noch folop oan ’e gong is. Wat langer minsken hjir wenje, wat mear se op de autochtoane Nederlanners begjinne te lykjen. Se hawwe hieltyd faker wurk, folgje faker heger ûnderwiis, hawwe stadichoan mear sosjale kontakten troch frijwilligerswurk, dogge mear mei oan it ferieningslibben, har ynkommen wurdt heger as fan harren âlden en yn it tinken lykje se mear op de autochtoanen. Mei in part giet it noch net goed: hegere kriminaliteit, faker in útkearing as minsken mei in Nederlânske eftergrûn, mar mei in hiel grut part giet it wol goed. It giet lykas sa faak: wat yn it nijs komt, binne de ynsidinten en dy wurde dan de hiele groep oanrekkene. Der wurdt dan gau it wurdsje ‘de’ brûkt: de bûtenlanners, de arbeiders, de útkearingslûkers krektlyk as de ‘zakkenvullers’, de kristenen, de elite, en folje mar yn. Mar ‘de ……’ bestiet net. Dat soe yndividuele minsken tekoart dwaan. Lit minsken harsels wêze. Is de yntegraasje mislearre? Elk syn miening, mar de feiten wize in oare kant út.

 

 

 

 

jannewaris 17, 2017 15:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willem Riemersma jannewaris 18, 22:17

    ‘De’ allochtoan bestiet net, dat bin ik mei Jabik van der Bij iens. En dat der sprake is fan yntegraasje, ek iens. En dat statistysk ûnderboude feiten idealiter swierder telle moatte as mienings, ek dat iens.
    Mar, ja dochs in mar. It CBS sil der net oan te pas hoege te kommen om miene te kinnen – in ferûnderstelling – dat it faker de minsken op de râne fan de wolfeart of dêr ûnder binne, dy’t sinjalen fan ûnfrede oer de sitewaajse fan harren sels of harren rûnte ôfjouwe. En dan foaral nei oaremans gers sjogge.
    En dizze minsken binne neffens my minder gefoelich foar feitlike arguminten as tagonklik foar in harkjend ear. Nei harren hielendal fiktive, of mear as minder fiktive sear.
    “Denk nooit dat historici altijd gelijk hebben in wat ze zeggen, maar ook niet dat ze dat zonder reden zeggen”, sei ea Jan Romein.
    Soe soks ek net foar net-prefesterabele, mei minder wolfeart of útsichten bedielde, autochtoanen jilde kinne?
    Foarljochting en presintaasje fan – betiden konfrontaasje mei – de feiten binne wichtich. Mar mei in rasjonele beandering allinne, sil it net dien wêze. Hokker politisi doarre in langetermyn en wier duorsum petear wier oan, sûnder in groep fuort direkt of yndirekt te ferketterjen as domme skiep dy’t populisten folgje?
    Ik kin ‘t net alles oersjen, mar sjoch it probleem wol. Dat polityk te faak in kwestje is fan koarte termyn(sukses) en te min fan lange asem. Oft it no om faasje yn yntegraasje of om argewaasje oer yntegraasje giet.Twa kanten fan itselde tema, liket my.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*